Weppers freed 7-8

Bekom weppers
6 augustus 2009
Weppers moandei 10-8
10 augustus 2009

Oefenje
SDS 1 ha tsneon in oefendei. Wat traine, wat prate, wat ite en dêrnei oefenje tsjin CAB út Boalsert. De oefenwedstriid is om 15.00 oere.

Skylge
Op 29 augustus hat SDS 3 in oefenwedstriid hawwe wij begrepen. En net samar hjir of dêr. Nee de seleksje giet nei Skylge om te oefenjen op de Eastkant fan it eilân bij AVV.
Op de fjilden fan Terschelling bij Midslân is op dat momint it feteranentoernooi en dêr docht SDS 5 oan mei.

Weppers
Dit wykein sille jim net folle weppers tsjinkomme hjir op de webside. Beide wepmasters knipe der efkes tuskenút.

VI-kwis
No ’t der it wykein hjir net folle weppers te lêzen binne hawwe jim wol efkes tiid om in drege kwis te dwaan. Dit kear giet it oer “frjemde fûgels” (klik
hjir
).

De broek oan
Dizze skiedsrjochter hat efkes dúdlik makke wa ’t hjir no eins de broek oan hat: