Weppers freed 6-12-2019

Weppers tongersdei 5-12-1019
5 december 2019
Sneon 7-12-2019
6 december 2019

SDS 1 – SVM 1

Wij geane der mar fan út dat de seleksje fan SDS 1 de Sinteklaasgedichten goed ferwurke hawwe en dat se sneon it publyk trakteare op in moaie wedstriid mei 3 punten der bij nei 90 minuten. Om 14.30 hat de trainer in kar makke ut dizze seleksje: Jaap, Wiebe, Erik, Jacob-Klaas, Remco, Pieter, Peter, Frank, Steven, Matthijs, Lourens, Marco, Luuk en Hendrik.

Stiens 2 – SDS 2

Wij geane der fanút dat de 6-0 nederlaach tsjin Workum 2 goed ferwurke is en dat der in better resultaat delsetten wurdt yn Stiens. Om 10.50 oere fertrekke se en om 12.30 oere traapje se ôf en sil dizze seleksje it dwaan moatte: Sjoerd W, Bauke, Gerwin, Arjen, Dirk, Ewout, Jesse, Jort, Niels, Lieuwe, Robin, Sjoerd de V, Steven en Wesley.

SDS 3 – Tzum

SDS 3 moat gewoon twa wiken efterelkoar fuotbalje en dat is suver unyk yn dizze klasse. Tzum 1 is de tsjinstanner yn Easterein. Om 12.00 oere giet it los mei dizze seleksje:

Cor, Haye Jan, Hendrik (c), Kees, Inne, Marten, Pieter, Piter, Skelte, Stefan, Willem, Allert en  Anne

Nijland 4 – SDS 3 g.n.t.

SDS 4 kin efkes langer bekomme fan de trochdewykse wedstriid tsjin HJSC. Nijland 4 hat te min minsken en de wedstriid kin spitich genôch net trochgean.

SDS 5 – Leeuwarder Zwaluwen 10

As alternatyf foar it earste kinne je fansels ek bij SDS 5 sjen, de grutske koprinner. Dizze seleksje trakteart it publyk graach op in nije oerwinning en wurdt om 13.45 oere yn de boks ferwachte:
Gert-Jan, Auke, Tjeerd, Feite, Jan-Simon, Tsjipke, Henk, Doede-Douwe, Harm S, Harm D, Robert, Ronny, Pieter-Lieuwe, Jentsje en Syb en Daan flagget wer!

Oudega VR1 – SDS VR1

Om 12.00 oere mei SDS VR1 de status fan koprinner dy’t noch gjin puntferlies hat, wier meitsje yn Aldegea en dat leit yn deselde gemeente as ús.  De seleksje:
Alissa, Esther, Femke, Gerry Edou, Hester, Janieke, Jeska, Jildou, Kirsten, Marjo, Marrit, Richtsje, Seriette en  Sieta.
Afbeelding

Op skerp sette

Wij hawwe it oer 1978. It giet noch net super yn de kompetysje mei SDS 1 en Makkum stiet boppeoan. Dan pleatse de Makkumers dit stikje yn de krante:

Dat wie net echt ferstannich, want SDS stie op skerp en …….

Harsens derby (2188)

Ho!