Weppers freed 6-1

Weppers tongersdei 5-1
4 januari 2012
Weppers snein 8-1
7 januari 2012

Snertrin en nijjiersresepsje
Moarn is der wer de jierlijkse snertrin en nijjiersgearkomst fan SDS. De rinners begjinne om 13.00 en de dravers om 14.00. Sjoch
hjir foar it hiele programma.

Nijjierstoernoai SDS-B- en C-junioaren
Moarn hawwe de B- en C-junioren in sealtoernoai yn Easterein. It begjint om 9.00 en is in oer as 12.00 dien.

Trainerskarroussel
De trainerskarroussel draait alwer op folle toeren. Sa sil Hylke Schrale folgend seizoen Bolswardia 1 traine ynstee fan Makkum.

Transfernijs(2)
Juster is offisjeel de “tuskentiidse-winterstop-transfermerke” iepene. It moat dus allegear noch wat op gong komme. Seker bij tsjinfallende prestaasjes fanôf 20 jannewaris. Wy kinne hjoed melde dat
-In hiel soad klups Elm wol hawwe wolle, mar net dy fan SC Heerenveen.
-Feyenoord âld-Ajacied John Goossens fan NEC wol wat ta liket.
-Lampard miskien wol leaver gjin kampioen wurdt mei Manchester United dan mei Chelsea.

Iepen Frysk Kampioenskip Sealfuotbal(OFK)
Jûn binne der ek wer foarrondes fan it iepen Frysk Kampioenskip Sealfuotbal(foarhinne Midwintercup) yn Frjentsjer. Klik hjir foar it programma fan de foarrondes. Jûn û.o. De Herauten, Exstador, Holwerd, Nieuweschoot, Futsal Marum en Drachtster Boys(seal) yn ien poule.
Ek spilet Avanti yn in poule mei û.o. de derby tsjin Stiens en de mannen fan Urk.
De froulju fan SDS moatte kommende moandei en de mannen nije wike tongersdei.

Harsens derby (650)
Mido en Hassan hienen miskien better op synchroonswimmen kinnen. By Ajax wie dat al langer bekend………