Iepen Frysk Kampioenskip Sealfuotbal(OFK)
Jûn begjinne de foarrondes fan it iepen Frysk Kampioenskip Sealfuotbal(foarhinne Midwintercup) yn Frjentsjer. Klik hjir foar it programma fan de foarrondes. Jûn meie û.o. ZVF, Easterlittens(fjild en seal), RES, Tsjom en Sint-Anna(sneins) los by de manlju. De measte spanning is te ferwachtsjen by de poule fan de froulju mei FFS, Workum, Avanti, Minnertsgea, Oerterp, Be Quick Dokkum(seal) en HZVV(fjild).
De froulju fan SDS moatte kommende moandei en de mannen nije wike tongersdei.
Moandei jierdei west
Jildou Bervoets is moandei 15 jier wurden. Sij fuotballet yn MC 1. Fan herte lokwinske!
10 jier wurden
Stijn Schildkamp wie tiisdei jierdei. Hij is 10 jier wurden lykas Stan Korbach dy ’t hjoed jierdei is. Beide fan herte lokwinske!
Net traine, mar prate
De fuotballers fan de B-seleksje traine jûn net mar prate:
Donderdag wil ik om 19.00 een gesprek met de groep aangaan over de tweede seizoenshelft.
Graag allemaal aanwezig zijn. (afbellen kan dus niet)
Johan
Nijjierstoernoai SDS- E- en F-pupillen
Nije wike sneon 14 jannewaris hawwe de E- en F-pupillen in sealtoernoai yn Easterein. Sy kinne harren hjir opjaan. De F-pupillen fuotbalje fanôf in oer as 8 en de E-pupillen fanôf in oer as 12.00.
Newcastle United
Nei hast 23 oeren op de boat sitten te hawwen kaam ien fan de wepmasters eindelijk oan yn Newcastle en wie hy noch krekt op ‘e tiid foar de wedstryd Newcastle United – Manchester United. Hy koe by Newcastle United genietsje fan de prachtige SDS-sokken:
En úteinlik ek fan in prachtige Ingelse wedstryd dy ’t Newcastle mei mar leafst 3-0 wûn.
Soe hy no ek ûnderguod meinaam hawwe foar Jelly en de dochters?