Weppers freed 5-3-2021

De Koronarigels per 3 maart
4 maart 2021
Weppers tiisdei 9-3-2021
9 maart 2021

Programma sneon

Moarn wurdt der wer folop balle troch de jeugd fan SDS. Dit is it programma:
9.00 oere Mini-League
9.00 – 10.00 oere JO8 oant en mei JO10.
10.00 oere Mega-Mini-League
10.00 – 11.00 oere JO11 & 12.
11.15 oere JO15 oant en mei JO17.

SDS Vr.1 O26 los!

Woansdeitejûn hat de Vr.1 mei froulju ûnder de 27 jier traind. Sy wienen mei 10 froulju. Sy traine fanôf no wer twa kear yn ‘e wike.

SDS O26 los!

Justerjûn hawwe de jongens fan 26 jier en jonger fan SDS 1, 2 en de JO19(de twaddejiers) foar it earst wer traind. Sy dienen dit mei 28 man. Sy waarden traind troch trainer Douwe Posthuma mei help fan de assistenten Jappie Wijnia en Robert Hoekstra. Sy sille fanôf no ek wer twa kear yn de wike traine. Tiisdeis docht Douwe dit mei help fan Henk Mulder en Remco Bervoets.

SDS JO19 en JO17

De earstejiers spilers fan de JO19 hawwe juster meitraind mei de JO17 ûnder lieding fan Robin van der Weg. Sy traine ek twa kear yn de wike.

SDS-auto

Wheagan Multicarservice hat de SDS-auto APK-keurd en dy rydt no wer. Wy sjogge yn dizze Koronatiid wat SDS’ers ferhúzjen nei plakken bûten de gemeente en wolle dizze fuotballers net kwyt. Wy hoopje dizze jongens op dizze manier langer oan SDS te binen.

Ljochten út

Juster wie per ûngelok ien fergetten de ljochten efter de sporthal nei it trainen út te dwaan. Bliksemslestich mei dy jûnsklok, want nei 21.00 oere mei je de doar net mear út. Lokkich genôch hat Rick Hendriks in hûntsje en hat hy se útdien. Tige by tige!

Alde teamfoto’s

Hawwe jim noch âlde SDS-teamfoto’s lizzen dan binne wy hjir tige nijsgjirrich nei. Lis se ûnder de scanner en maile se nei info@vv-sds.nl. Alfêst tige by tige!

SDS Look-a-likes

Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd.
Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl en miskien komt der dan yn de folgende Treffer!

Poiesz-jeugdsponseraksje

Dit wykein allegear oan de appelflappen! Helje se by de Poiesz yn Skearnegoutum en stypje SDS troch de munten yn de SDS-koker te dwaan!

Harsens derby (2288)

Ho!

 

 

Letter hjoed mear!