Weppers freed 5-11

Weppers tongersdei 4-11
3 november 2010
Seleksjes 6-11
4 november 2010

8 jier
4 novimber 2002 is it allegear begûn mei dizze webside. Yn
dit berjocht dat beskôge wurde kin as it earste wepperke (it wurd bestie doe noch net) , waard de lansearing oankundige. Juster 8 jier lyn dus.

Seleksjes
Rûn de middei stean de seleksjes fan de senioren der wer op.

SDS 5
De SDS 5 seleksje giet moarn foar in nij rekord fan de gemiddelde leeftyd. In leechterekord wol te ferstean. Sit dat oars om en bij 45, 46 jier, it liket der op dat it no bij 30 yn de buert sit.  Tenminste 4 spilers fan de junioren B geane mei.
Jappie Wijnia hopet dat der genôch auto’s binne.

Traind
De mannen fan SDS 4,5 en 6 woene justerjûn fansels wol efkes traine. Fan te foaren hawwe se it fjild efkes ynspekteard en konstatearden dat it op plakken wiet en min wie. Dêrom waard besletten om lytse partijtsjes te dwaan om de minnen plakken wat te mijen. “Der is lekker traind”, waard der sein nei ôfrin.

Moai spul
Wij joegen woansdei oan dat SDS 5 nei SVN 69 moat. Wij makken in link nei dy webside. En wij krije no in tip foar de dames fan SDS om in kear tsjin harren dames te oefenjen of sa. Der is yn alle gefallen ien supporter:
Yn myn koarte karriere as lieder fan DA1 ha wy ek net tsjin SVN ’69 spile, mar at ik harren damesteam sa sjoch hie dat grif wol in kear mochten!
Groetnis Tsjeard

Foarútsjen
Foar de wedstriid fan SDS 1- Kollum 1 kin wer foarútsjoen wurde mei
dit oersicht fan Voetbalnederland. Der leit sa te sjen net in grutte ferline tusken beide klups.

Harsens derby (325)
Hoefolle prizen wûn José Mourinho foarich seizoen no ek alwer?