Befrijdingsdei-útslaggen

Weppers freed 4 maaie
3 mei 2012
Weppers snein 6-5
5 mei 2012

Mail de útslach, ôflase wedstriden, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en oare wissichheden nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700


8.45 Beetgum MD1 – SDS D4 2-2
9:00 SDS D2 – JV Bolsward D3 2-1
9:00 SDS E1 – Akkrum E4 5-4
9:00 SDS E3 – Scharnegoutum’70 E3 0-15
10:10 SDS F1 – RES F2 2-4
10:10 SDS F4 – QVC F3 1-4
10:30 SDS DA2 – Franeker SC DA2 1-3
11:10 SDS F3 – VWC F2 7-0
12:15 SDS E5 – SWZ E8 4-2
12:15 SDS DA1 – CVVO DA1 g.n.t.
13:30 SDS 2 – Veenwouden SC 2 3-3
14:30 SDS 1 – Balk 1 4-3
15:30 SDS 5 – Franeker SC 4 0-1
8:45 Blauw Wit ’34 C5 – SDS C2 2-5
9:00 Scharnegoutum’70 F5 – SDS F5 0-4
9:00 Oosterlittens F1 – SDS F2 4-2
10:30 Heeg D2 – SDS D3 10-1
10:30 SWZ F7 – SDS F6 14-0
11:15 TOP’63 E2 – SDS E2 3-4
12:00 Mulier E2 – SDS E4 4-1

SDS 1 – Balk 1     4-3
Yn de 84 ste minút krige Jacob van Wieren in publykswiksel. Hij wist it goeie spul fan al dy oare SDS-spilers te bekroanen mei 4 doelpunten. Bij it skoft wie it 1-2 foar Balk, mar nei it skoft gyngen alle remmen los bij SDS. In enerfearjende wedstriid mei in haadrol foar Jacob.

SDS 2 – Veenwouden 2      3-3
Nei de 9-1 tsjin HBoys wie dit in goeie opstekker. Doelpunten fan Robert, Gerrit en Anne.

SDS-5 – Franeker-4 0-1
Grote publieke belangstelling afgelopen zaterdag bij de topper tussen SDS en Franeker. Ondanks de 0-1 nederlaag een uitstekende wedstrijd tegen het veel jongere team uit Franeker. De eerste kansen waren voor Peter (buiten kant paal) en Jappie (over), echter Franeker scoorde na een klein foutje van onze laatste man. In de tweede helft kwamen Lieuwe Meijer en Willem Veenstra binnen de lijnen, beide hadden 5 minuten nodig om aan het (voor SDS-5) hoge tempo te kunnen bijbenen. Hierna werd Franeker gedurende een half uur vastgezet op eigen helft, dit leverde enkele kleine kansen en een strafschop op. Ronny Wagenaar werd tegen het gras geduwd en onze vaste strafschoppen specialist, laatste man en nummer 4 miste voor het oog van zijn eigen vrouw deze belangrijke strafschop. Harm Auke raakte in de laatste minuut nog de buitenkant van de paal. Hierbij feliciteren wij Franeker alvast met het naderende en verdiende kampioenschap.
Groet,
De leiders van het vijfde

EB (Efkes Balje)
Efkes Balje makket grutte stappen yn it de ûntwikkeling. Freedtejûn mochten sij op it echte WK fjild yn Wommels harren keunsten fertoane. En sij dat wiene neist 10 fan it manlike geslacht ek twa froulju: Marije en Tarina. De froulju hiene de partij keazen en dat hiene se mar goed dien, want it bleau fan begjin oan de ein tige spannend. Foar it skoft waard der 20 minuten spile yn heech tempo. Yn it skoft wie it dan ek minstens 5 minuten izich stil. Yn de twadde helte sakke it tempo, mar gie it nivo omheech. Tal fan hichtepunten waarden fan efter de ruten fan de heechbou bij it fjild mei bewûndering besjoen. De twa winnende doelpunten waarden in muoisum ferhaal, want wa wol no ferlieze? Uteinlik wie it Marije de Vries dy’t de winnende der ynskode.
Efkes Balje sil ek nije wike de bal wer rôlje litte yn Wommels.

SDS E1 – Akkrum E1      5-4
Akkrum hie noch net in punt ferlern dizze kompetysje en SDS E1 stiet twadde. Dat wiene de feiten oan it begjin. De wurklikheid oan de ein wie dat SDS E1 yn in prima wedstriid mei 5-4 wint.
Der moast hurd wurke wurde om dat te berikken. Sûnder wiksels 50 minuten folop der stean en der foar gean. De 0-1 efterstân waard omsetten yn in 2-1 foarsprong, mar Akkrum kaam wer gelyk.
SDS joech alles en de individuele klasse strielde der betiden ôf. It waard 3-2,4-2 en 5-2.
Akkrum joech net op en kaam werom ta 5-4. In moaie opstekker foar E1 en in grut kompliment oan de hiele ploech. Jim hawwe it publyk tige fermakke. (ah)

Beetgum MD1 – SDS D4   2-2
Om kertier foar njoggenen moasten de jonge froulju al yn Bitgum wêze om te fuotbaljen. Thús hiene se 1-1 spile en it waard no 2-2.
Mear balbesit foar SDS in 0-2 foarsprong, wie krekt net genôch om de oerwinning binnen te heljen.

SWZ F 7 – SDS F6    
 Hjoed gie de reis nei Snits. Ruben en Redmer wiene der net, dus mei syn 7’en, en mei knikkende knibbeltsjes it kunstgers op. De foarige kear hiene we mei 20-0 ferlern dus we wisten dat we oan’e bak moasten. De earste 10 minuten koene we de 0 hâlde, dit troch heldhaftich keepwurk fan Sybrand. Sels in bloedneus koe ‘m neat skele. De paniek sloech by de Snitsers wat ta en de komplimenten kamen fan de Sneker âlders: Hier staat een heel ander SDS als de vorige wedstrijd! Dochs koene we de 0 net hâlde en by rust wie it 5-0. Yn de twadde helte hie ús fêste efterhoede: David, Marrit en Jorrit it mar drok. Sybo  en Niels moasten by regelmaat harren makkers efteryn helpe. It moaiste momint fan’e wedstriid wie de lange solo fan Marrit fan’e iene kant fan it fjild nei de oare kant. De lêste twa meter slagge it jammer genoch net mear… Marrit har mem hie it hast net mear en ropte it út, neffens my koe men yn Easterein har wol heare. Der folge in spontaan applaus fan de Snekers. Jort stoen yn’e twadde helte as in rots yn’e branding te keepen mar dochs ferlearen we mei 14-0. By de penalty’s hiene we de Snitsers te pakken troch lyk te spyljen.
Tiede