Weppers freed 4-3

SDS League: Froulju pakke wykpriis!
3 maart 2011
Seleksjes sneon 5-3
3 maart 2011

Berjocht foar de froulju fan SDS 3 spilers
Wij litte jim witte dat jim mannen moarn net hoege te fuotbaljen. De Hegemer mannen komme net.
Dat sil foar jim fêst wol goed útkomme want der sil noch wol wat te dwaan wêze yn de tún en oars kin in ritsje nei de stêd ek in goed alternatyf wêze.
Wij hawwe dit leaver, dan dat se de hiele middei wat omhingje bij SDS 1, SDS 2 en sels SDS 4. Want it is fris en dat it folgen fan it fuotbaljen dan fan efter it rút plakfynt  is logysk.
It muoit ús tige dat jim no opskeept sitte mei de bern en de man.

Groetnis
Sjoerd en Jan



Seleksjes
Moarn giet it allegear
wer los. 5 seniorenalvetallen dy’t op paad moatte. Wa’t diel útmeitsje fan dy seleksjes kinne jim yn de rin fan de moarn sjen.

Jûn
SDS 6 spilet net moarn mar jûn tsjin TOP 3. Yn Oppenhuzen om 19.30 oere. (18.45 fuort)

D3
De wedstriid fan D3 moarn tsjin Lemmer is útsteld oan 2 april

Folle bak
Sneon wer in folle bak op de Skoalleseize. Dat betsjut disipline yn it organisearen. De wedstriidsikretaris freget oandacht. 
– Strafschoppen na de wedstrijd nemen op het trainingsveld.
– limonaderegel ook even uitleggen aan gastteams.
– Boxen schoonhouden AUB
– Wedstrijden die te laat starten, hebben korter pauze of evt. speeltijd. De velden zitten overvol en voor een soepel verloop graag op tijd beginnen(scheidsrechters).
heel veel speelplezier, 
groetjes Andre Vink

SDS 1 – Buitenpost 1
Sneon om 15.00 oere is de wedstriid SDS 1 – Buitenpost 1. Wa’t de ploegen erader tsjinelkoar dien hawwe is hjir te sjen.
It oersicht fan Voetbalnoord.

Berber
In bertekaartsje fan Berber dy’t op 25 febrewaris berne is, is fansels aardich mar in foto is folle leuker.


Us kaartsje stie al op de side seagen we, mar der heart fansels ek in foto by.
Sjoch hjir us (fansels) allermoaiste en leafste dochter Berber. 
Groetnis Robert en Wiepkje

Oefenwedstriid
Op Maandag 7 maart speelt het Nederlandse zaalvoetbalteam voor spelers onder de 20 jaar in Sportcentrum Leek een oefenwedstrijd tegen Leekster Eagles 1. Om 20.00 uur wordt er afgetrapt en de toegang is gratis.

Spare-Rib(bekast)
De foto dy ’t hjir ôfrûne moandei op de webside stie komt yn in hiel oar deiljocht te stean as je heard hawwe dat Sjoerd van Beem al 2 wiken lêst fan syn ribben hat neffens eigen sizzen. Sjoch ris nei dy linker panne dy ’t Sjoerds suster Anneke ôfrûne snein yn Blomketerp foar Erik sette:

Fan dy ribben kin Sjoerd gjin lêst mear hawwe…..

Harsens derby(418)
Wy nimme oan dat alle backs fan SDS hjir fan ‘e wike op traind hawwe: