Weppers freed 4-3-2022

Weppers tongersdei 3-3-2022
3 maart 2022
Sneon 5-3-2022
4 maart 2022

Nije SDS-ballen

Sa no en dan hawwe wy by SDS nije ballen nedich. Y.f.m. ús 75-jierrich bestean foenen wy it wol wer ris tiid foar ballen yn de kleuren fan SDS, mei tank oan MUTA-Sport:

Fluitsje

De toppers fan de JO10 treffe it sneon. De wedstriid fan moarn tsjin SJO DFC JO10 wurdt fluite troch Hendrik de Jong. De spiler fan SDS 1 dy ’t al mear as 10×10 foar SDS 1 skoord hat.

Krap

It wie in hiele toer, mar úteinlik is it slagge om foar de 5 senioarenteams fan SDS genôch spilers byelkoar te harkjen om fuotbalje te kinnen.

Makkum 1 – SDS 1

De thúswedstriden fan Makkum binne meast 15.00 oere, mar dizze kear net. Om 14.30 trapet de nûmer  11 of de nûmer 9 ôf.
De seleksje: Jaap, Erik, Gerwin, Hendrik, Jelte-Pieter, Lourens, Luuk, Peter, Pieter, Remco, Stan, Teun, Wesley, Wiebe en Wierd.
Matthijs is skorst.
12.30 oere oanwêzich
12.45 oere bespreking
13.00 oere fertrek

Makkum 1 – SDS 1 2020

De lêste kompetysjewedstriid foar SDS 1 foar ’t de Korona alle fuotbalkompetysjes yn de hobbel skopte wie op sneon 7 maart 2020. Moarn twa jier lyn sis mar. Doe moast SDS 1 ek út tsjin Makkum 1 en wûn it mei 0-4 troch goals fan Pieter Sijtsma, Habtamu de Hoop en ynfaller Hendrik de Jong(2x). SDS kaam doe op it 4e plak te stean en gie fol foar in plakje yn de neikompetysje. It ferhaal hjirnei is jim wol bekend…….

SDS Vr.1 – LAC Frisia 1883 Vr.1 g.n.t.

It is maart en SDS Vr.1 hat 6 wedstriden spile. Sij hawwe noch gjin punten helle en steane sels op -3.  It wurdt tiid foar punten. Spitich genôch hat no LAC Frisia te min spylsters en kin der op ‘e nij net balle wurde. Sa wurdt it noch in lang seizoen. De wedstriid sil no spile wurde op woansdei 16 maart om 20.00 oere.

vv Heeg 2 – SDS 2

SDS 2 stiet moai yn de middenmoat en wolle se dat bliuwe dan moat der wûn wurde fan Heeg, dy’t twa punten minder hat.
De seleksje: Anco, Douwe-Jan, Mark, Sjoerd de B, Steven, Arjen, Bauke, Ewout, Jurjen, Kevin, Lieuwe, Robin, Sjoerd de V. en Wessel.
Jort Strikwerda sil optrede as koach, Rick Hendriks is leider en Klaas de Haan flagget.

SDS 3 – Heerenveense Boys 4

Twa subtoppers dy’t elkoar moetsje om 14.30 oere yn Easterein. De mannen fan SDS wurde om 13.45 oere yn de boks ferwachte.
De seleksje: Sietse, Kent, Anne, Bote, Frank, Habtamu, Haije-Jan, Inne, Jacob-Klaas, Jildert, Marten, Tsjipke, Watze-Jacob, en Willem.
Jan-Friso is de leider.

SDS 4 – sc Bolsward 7

sc Bolsward 7 stiet boppe-oan mar dêr lûkt SDS 4 sich neat fan oan. Sij gean foar de winst.
De seleksje: Jeffrey, Michael, Leon, Gerben, Arjan, Halbe, Wiltjes (2e helte), Jorrit (1e helte), Eeltsje, Tom, Tim Sweering, Ate Schaap en Pieter van der Valk.

LAC Frisia 1884 4 – SDS 5

De Ljouwerters hawwe sa’t it skynt in hiele gesellige ploech, mar punten skoare is der (hast) net bij.  SDS 5 stiet twadde, dat biedt perspektyf foar wat punten.
De seleksje: Gert-Jan, Klaas, Feite, Jan-Simon, Jentsje, Ids, Dirk, Dirk-Yde, Robert, Henk, Harm S. Niels en Sjirk.
Daan flagget fansels!

Harsens derby (2355)

Ho!