Weppers tongersdei 3-3-2022

SDS-League: Het Dispuut pakt de wykpriis!
2 maart 2022
Weppers freed 4-3-2022
4 maart 2022

Ereleden

It wurdt heech tiid om de ereleden fan SDS in plakje te jaan yn de kantine. Bauke de Boer hat al wat moais makke. No noch in moai plakje. En der kin miskien wol wer ris ien op.

SDS-flagge

Neist it prachtige SDS 75-jier doek waard ôfrûne sneon ek in prachtige SDS-75-jierflagge ophongen.

SDS-gelokssokken

Ofrûne sneon frege Wierd Hofstra fan SDS 1 as der noch SDS-sokken te keap wienen foar him yn de bestjoerskeamer. Hy hie gelok. Der leinen noch krekt in setsje SDS-gelokssokken. Hy die se ôfrûne sneon lyk oan yn de wedstriid SDS 1 – Heerenveense Boys 1, mar dit pakte net goed út……. Hy spile ûngelokkich werom en Heerenveense Boys koe de 1-0 meitsje. Nei de wedstriid beloofde Wierd betterskip. Hy soe der dit seizoen seker noch goals mei meitsjen gean. Moai dat dit juster lyk resulteare yn de 2-1 tsjin Scharnegoutum. Lyk ek noch de winnende goal, goed foar 3 punten.

 

Skorst

Matthijs Postma krige by Scharnegoutum 1 – SDS 1 juster syn 5e giele kaart. Dat betsjut dat hy kommende sneon tsjin Makkum skorst is.

14.30 oere

SDS mei sneon út nei Makkum. Meast begjinne dêr de wedstriden fan Makkum 1 om 15.00 oere. Dit kear begjint it gewoan om 14.30 oere.

Kantine iepen

Lykas foar de Korona is de kantine eltse tongersdeitejûn wer iepen. Moarntejûn sil Stefan van Krimpen foar de hapkes en snapkes soargje en is de bekerwedstriid tusken AZ en Ajax op it grutte skerm.

Lokwinske!

Lourens van der Pol hat hjoed syn jierdei. Hy soe dat tiisdei al fêst fiere nei syn goal foar SDS 1, mar spitich genôch waard dy goal ôfkeurd. Syn jierdei giet al troch. Tige lokwinske der mei!

SDS-Look-a-likes!

Foar de nije Treffer binne wy noch op syk nei SDS-Look-alikes. Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd.
Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl!

Harsens derby (2354)

Juster 20 jier lyn. Wat in goal!

 

 

Letter miskien wol mear!