Weppers freed 31-3-2023

Weppers tongersdei 30-3-2023
30 maart 2023
Sneon 1 april 2023
31 maart 2023

SDS JO13

SDS JO13-1 soe moarn yn Nijlân balje, mar dêr kin it om it fjild net lije. De wedstriid tsjin SJO WTTC JO13-1 wurdt no moarn om 9.30 oere yn Easterein ferspile.

SVM 1 – SDS 1

SDS 1 giet de provinsje út foar in treffen tsjin SVM 1 út Marknesse.  Dy ploech hat 25 punten, SDS hat er 23.  It begjint dêr om 14.30 oere.
Dizze seleksje wurdt om 12.15 oere ferwachte:
Jaap, Luuk, Erik, Gerwin, Jelte Pieter, Gerbrand, Matthijs, Remco, Stan, Jelmer, Lourens, Steven, Douwe Jan, Habtamu en Yke.

SVM DS.1 – COVOS DS.1

It tafal wol dat de froulju fan COVOS Vr.1 sneontemiddei om 16.30 oere yn Marknesse follyballe moatte tsjin de froulju fan SVM. Treffe Matthijs en Wiebe it efkes. It is yn sporthal De Triangel.

FVC 2 – SDS 2

FVC hat 10 punten, SDS hat er 9. Dat wurdt dus in spannend potsje op sportpark Wiarda om 15.00 oere.
De seleksje: 1. Mark, 2. Wessel S, 3. Sietze, 4. Anne, 5. Jort, 6. Arjen, 7. Tim, 8. Tjitse, 9. Jurjen, 10. Eeltsje, 11. Robin, 12. Bauke, 13. Jesse en 14……….

SDS 4 – AVC 3

SDS 4 stiet kreas yn de middenpoat mei it each omheech. Krijt de oerwinning fan ferline wike in ferfolch? Om 14.30 oere begjint it.
De seleksje: Arjan, Michael, Wiltsje, Jeffrey, Jorrit E, Jorrit v, Gerben, Aiso, Remon, Jasper, Niels, Sije, Allert en Halbe Stunde.

Makkum 4 – SDS 5

Wij binne benijd at de “kreukels” fan ferline wike wer opkalefatere binne. Makkum út is altyd lestich. Om 12.30 giet it oan.
De seleksje: Gert-Jan, Tsjipke, Henk, Willem, Dirk-Yde, Peter, Harm, Jentsje, Klaas, Mark, Stefan, Tjeerd en Doede (1/2).

SDS Vr.1

SDS Vr.1 hat jûn in wiidweidich programma:

SDS JO19-1

De mannen fan SDS JO19-1 moatte jûn mar net te let op bêd. Moarn om 9.00 oere spylje sy de topper tsjin CVVO JO19-3. Oftewol de nûmer 1 tsjin de nûmer 2:

Harsens derby (2154)

Yn Dútslân hawwe sy in spesjale namme foar ûnnoazele doelpunten; ‘Kacktor’. Hjir in klassike Kacktor út de winter fan 1973.