Weppers freed 31-10

SDS League: "Strubbelingen" pakke wykpriis!
30 oktober 2014
Seleksjes 1-11
30 oktober 2014

Efkes Balje giet net troch
It hie sa moai wêze kinnen mei it ûndersteande yn de efterholle. Mar der binne tafallich dizze freed allegear ôfsizzingen en om foar te kommen dat Johan Heerma der allinne stiet  …giet it net troch.
It is wer freed. De simmer siket om in ein, de winter is noch fier te sykjen. De skuon binne skjin en opdroege. De fuotsjes wolle al wer. De grutte striid….de finale…….it winnen, it ferliezen mar foaral it meielkoar wêzen dat wille jout. 

Derby!
SDS 1 hat sneon alwer in derby! Sy meie moarn om 14.45 út fuotbalje tsjin SC Bolsward 1. By SC Bolsward docht âld-SDS’er Redmer Strikwerda mei. Arjan Posthumus is der net. Hy moat fleantúgen tanke. As trainer sjogge wy by SC Bolsward de âld-trainer fan SDS 2, Hylke Schrale, wer ris efkes.
By SDS 1 misse sawiesa Erik Haitsma(blesseard) en Dirk-Yde Sjaarda. Dirk-Yde sil hjoed of moarn foar in moanne as 4 nei Australië ta.
SC Bolsward stiet 10e op de ranglist en SDS 7e. As SDS de oanslúting wat hâlde wol mei de boppeste helte fan de stân dan sil der wûn wurde moatte.
Foarich seizoen wûn SDS 1 thús mei 4-0 en ferlear it út mei……………………. 4-0.

Programma sneon
It programma fan sneon kinne jim
hjir sjen en spesjale oandacht want it liket wol in “ladiesday”. It famkes team en de twa frouljuteams moatte alle trije thús.

Movember?
It liket ús wol aardich om as SDS ek wat mei
Movember te dwaan. Mooglik kinne jim fannemiddei op de webside lêze wat eksakt de bedoeling is.

Ek Jacob fan 2001 komt dúdlik yn oanmerking.

Stienkoal Ingelsk (4)
Mei tank oan Hans van der Schaar!
1. It shall me be a sausage. 
2.
And than I question myself; how comes that now?
3. It’s all madness on a stick!!
Is jim stienkoal Ingelsk ek sa goed? Mail it nei info@vv-sds.nl!

Harsens derby(1365)
Lekkuhuhuuhhuhuhuuhuhhhr!





Letter fêst mear!