SDS League: "Strubbelingen" pakke wykpriis!

Weppers tongersdei 30-10
30 oktober 2014
Weppers freed 31-10
30 oktober 2014

Bram en Harrie Strubbe kenden oan ’t no ta wat “Strubbelingen” yn de SDS League, mar pakke dizze wike dochs mar efkes de wykpriis. En dat wylst sy foarige wike noch 43e stienen.

Bram en Harrie út de skroeven!

Boppe-yn komme de koprinner wer wat tichterby elkoar. Jaap “Torpedo Toering” pakt 8 punten mear as koprinner Sjoerd Rispens mei “Algemeen Fons” en hat wer “kans” op de oerwinning.

“Op Skobberdebonk” hat blylber wat yn de speaken hân, want hy sakket fan it 4e nei it 15e plak. It sil Dooitze al goed dwaan dat hy noch altiten fier boppe de wepmasters stiet.

Jesse van der Weide pakt mei “Blokkie tsiis mei komkommer” dizze wike mar 9 punten en stiet noch mar 2 plakken boppe de ûnderste. Noch twa fan sokke wiken en hy hat allinnich noch mar komkommer……..

Douwe-Dirk Reitsma is hast klear mei it foarsitterskip fan SDS, mar liket ek klear mei de SDS League. Hy nimt de reade lantearn dizze wike oer fan Boudewijn en Almar Kramer mei “VV BAK”. Mocht Douwe de poedelpriis pakke dan moatte wy dat mar sjen as earste gift foar it nije keunstgêrsfjild tochten wy sa.



Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 5.