Weppers freed 30-9

SDS League: 2 wykpriiswinners en……….
29 september 2011
Seleksjes 1-10
30 september 2011

Seleksjes
Yn de rin fan de moarn sille de seleksjes fan de senioren der wer op komme hoopten wij.
Underwilens is it “yn de rin fan de middei” en wij hawwe de seleksjes noch net krigen. Ofwachtsje dus.
Bier en voetbal
De seleksjes binne noch net bekend, mar de opstellingen wol…..

Programma
It programma fan sneon kinne jim
hjir sjen. It moaiste útsje is der foar C1. Sij geane nei Skylge en sille op it fjild wêr’t de feteranen fan SDS harren seizoenstarieding altyd hawwe, fêst 3 punten helje.

B- junioren
Moarn om 11 oere yn de boks wêze, krije wij troch. En 11 oere is 11 oere.

SDS B1 tegen AVV B1G
gaat niet door deze wordt ingehaald op 22 oktober om 9:30

Ôflast
De froulju fan SDS DA2 hawwe sneon te min froulju troch sûne en minder sûne “blessures”. De wedstryd tsjin de froulju fan Minnertsgea giet dan ek net troch.

Derby
Foar degenen dy ’t it te fier fine om nei Leek ta om dêr SDS 1 te sjen en der dochs op út wolle dy geane fansels nei Oeverzwaluwen 2 – SDS 2 yn Koudum. Degenen dy ’t ek dat te fier fine en wol nocht yn in derby hawwe kinne altiten noch terjochte by Nijland 1 – WPB 1.

Sponserjûn
Fedde Wiersma mient te witten wa ’t der sprekken komme op de sponserjûn en komt mei in idee:
Minsken,
As de 1e sprekker Foppe de Haan is, dan leit as 2e sprekker Johann Mast mear foar de hân as Geart van Tuinen. Tuvalu (in soarte fan jeneverpôle, mar dan wat fierder fan Easterein) bynt dizze beide mannen. Der binne plannen (fan minsken út Noard-Hollân ?) om it alvetal fan Tuvalu nei Nederlân te heljen;
SDS – Tuvalu soe in moai affisje wêze foar it 65-jierrich jubileum fan SDS in 2012. Miskien kin Foppe Tuvalu oanfolje mei in pear jonge talinten fan SC Heerenveen. Groetnis,
Fedde

Iepen hûs
Robert Sybesma is sneon te fuotbaljen en Wiepkje hat “Iepen Hûs“.

Harsens derby (576)
Der hat ea in SDS-keeper west dy dit ek oerkaam…… Witte jim wa?