Weppers freed 30-9-2022

Jacob Hofstra is ferstoarn
28 september 2022
Sneon 1-10-2022
30 september 2022

Nijland 1 – SDS 1

Beide ploegen hawwe in moaie start. Mei in oerwinning gean je mei fertrouwen de streekderby yn. Wat sil it wurde dêr yn Nijlân. De wedstriid begjint om 14.30 oere.
Foar de wedstriid is der in minút stilte om stil te stean by it ferstjêrren fan Jacob Hofstra en Harm Bloemhof. SDS 1 sil mei roubannen spylje.
De seleksje: Douwe-Jan, Erik, Frank, Gerbrand, Habtamu, Hendrik, Jaap, Jelte-Pieter, Kevin, Lourens, Matthijs, Pieter, Stan en Sietse.

SDS 2 – DWP 2

SDS 2 nimt it thús op tsjin De Wite Peal 2. Om 14.30 oere stappe dizze 11 fan de seleksje it fjild yn. De rest nimt earst plak op de bank.
De seleksje: Mark, Jeffrey, Arjen, Bauke, Eeltsje, Jort, Lieuwe, Robin, Tim, Tom, Wessel W, Wessel S. Jens, Jelmer, Anne en Jesse.

SDS 3 – SF Deinum 2 g.n.t.

Nea earder spile SDS 3 tsjin SF Deinum. Moarn soenen wy sjen as SDS 3 opwosken wêze soe tsjin de Deinumers.
Spitich genôch slagget it net om genôch spilers byelkoar te krijen. Sjoch ek it ferhaal by SDS 4.
(Inne, Jacob-Klaas, Kent, Marten, Tsjipke,..)

SDS 4 – Makkum 4 g.n.t.

SDS 4 hâldt de “ongeslagen” status fêst. Al hienen sy dat graach op in oare manier dien….. It tekoart oan spilers by SDS 1 wurket troch yn de hiele feriening en SDS 4 kin mei dêrtroch net genôch spilers op it fjild krije. It giet dan ek net troch. SDS 4 kin him no rjochtsje op de derby nije wike thús tsjin SDS 5.

sc Franeker 5 – SDS 5

It seizoen fan SDS 5 begjin yn Frjentsjer. Om 15.00 oere giet it los.
De seleksje: Tjeerd, Ronny, Robert, Peter, Klaas, Ids, Henk, Gert-Jan, Feite, Syb, Michael, Leon en Aiso en miskien noch wat fan de JO19.

SDS-jubileumplaatsjesruilmiddei

Fannemiddei kinne jim tusken 15.00 en 16.00 oere yn de bibleteek yn Wommels terjochte om jim SDS-jubileumplaatsjes te ruiljen.

Twitter

De snelste ynformaasje oer SDS komt soms fia twitter.
Wa’t gjin twitterakkount hat, kin it dochs folge fia it ikoantsje hielendal rjocht boppeoan op de side fan SDS .
Klik op it fîgeltsje en je krije de twiits yn byld.

Ljouwert Krante

De Ljouwerter Krante komt moarn efkes yn Nijlân om in wiidweidich stik te skriuwen oer de derby. Moandei kinne jim it lêze yn de LC.

Goed doel

It is wer de tiid fan de “goeie doelen hús oan hús kollektes”.
Ien út de âlde doaze fan Dirk-Jan