Jacob Hofstra is ferstoarn

Freed ruilmiddei SDS-jubileumfuotbalplaatsjes yn de byb
27 september 2022
Weppers freed 30-9-2022
30 september 2022

Us troue SDS-supporter, Jacob Hofstra,  is ferstoarn.
Jierren kaam hy mei syn partner Tina Wiegers (earder ledenadministraasje SDS) by it fuotbaljen te sjen fan syn soannen Jorrit en Wierd by SDS. Hy genoat fan it fuotbaljen en de kontakten yn en om de wedstriid en wie der as der bygelyks flagge wurde moast.

Wy sille him misse en winskje famylje en neisten in hiel soad krêft ta om dit grutte ferlies te ferwurkjen.

SDS 1 sil sneon mei roubannen om fuotbalje tsjin vv Nijland.
Foar de wedstriid sil der in minút stilte wêze foar Jacob Hofstra en âld-Nijlanner Harm Bloemhof.