Weppers freed 30-9

Seleksjes sneon 1-10
30 september 2016
It ljocht op sneon 1-10
30 september 2016
Nieuwsoverzicht

Wol balje, net balje en noch folle mear.

Efkes Balje

Hjoed om 19.30 op it trainingsfjild efter de sporthal yn Easterein.

SDS 3 frij

It is komkommer en tomatentiid. Dus hat AVC 3 net genôch spilers om sneon te ballen. SDS 3 hat frij en sij kinne alfêst de Sinteklaas ynkeapen dwaan.

Strike

No ’t de âld-striker fan SDS 1, Dooitze Nauta, op snein yn dieltiid striker is by LSC 1, hat hy sneons frij. No ’t hy al 4 wiken op sneon mei de frou te winkeljen west hat, wol hy wol wer ris wat oars en sil hy as moarn as striker by SDS 2 op de bank sitte. Wy nimme oan dat hy op syn fytske komt, want dan kinne wy nei de tiid moai efkes byprate.

Flagje

Jan-Bouke Bouma is moarn ferhindere as flagger by SDS 1. No soe Harm-Auke Dijkstra it miskien fan him oernimme, mar dy kin ek net. No binne wy noch op syk nei ien dy ’t flagje kin. Degene moat dan fansels al wat op de hichte wêze fan de rigels. 😉

SDS seal 1

Sij hawwe harren earste “looplijnen” ek al wer rûn dit seizoen. Woudsend die dat iets better wierksynlik, want sij wûnen mei 2-3. Op de webside fan vv Woudsend in wiidweidich ferslach.

Seleksjes

Elders op de side bij de weppers steane de seleksjes fan SDS 1, 2, 4 en VR1.

Net oer it stek (2)

Fansels is it hiel ferleidelijk om fanút de kantine of ergens oars efkes oer it stek it keunstgersfjild op te stappen, mar dit is eins net de bedoeling. Der komt noch opstapkes om al makkelijk oer it stek te kinnen, mar sa lang as dit der noch net is, moat eltsenien omrinne. Dit jild dus ek foar trainers, spilers, memmen, strikers, flaggers en oare lju.

oeritstekje  Sels ús beste skiedsrjochters moatte omrinne.

FIFA ’17

It liket de aktiviteitenkommisje wol wat om in FIFA-game-toernoai te organisearjen op de Playstation of X-Box. Ien fan de websmaters is al drok dwaande om dizze glitch yn de fingers te krijen, want dan is hy ûnferslaanber.

Lokwinske!

Ype Tiemersma is hjoed jierdei! Nei ferline jier Abraham sjoen te hawwen is hy no alwer jierdei! Hoe âld witte wy net, mar dat makket neat. Lokwinskuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhhh!!

Harsens derby (1766)

De soan fan Zinedine Zidane is keeper en hat it dribbeljen dúdlik net fan syn heit.

<iframe width=”595″ height=”335″ src=”https://www.youtube.com/embed/Uj1q8EiBWYo” frameborder=”0″ allowfullscreen></iframe>

Daliks mear!