Weppers sneon 31-5

Weppers freed 30-5
30 mei 2008
Doch mei oan de SDS EK-League!
1 juni 2008

Nije oanwinst
Arnoud Koster komt kommend seizoen de A-seleksje fan SDS fersterkjen. Hy komt fan ONS 2. Arnoud is in linkspoat dy ’t op ferskeidene plakken terjochte kin. Arnoud wennet yn Toppenhúzen en is in jier as 20.


Midsimmercup
Folgende wike sneon spilet it 1e futsalteam fan SDS op de Midsimmercup yn Dronryp. Harm(personielsfeestje) en Feite(ankelblessure) binne der net by. Robert docht ek net mei. Neffens ús bronnen is Robert de ôfrûne wike oan syn ljisk holpen.

SDS EK-League
Wy sitte no al op sa ’n 15 dielnimmers en dat in wike fan te foaren. Dit belooft noch wat.  Doch ek mei oan de SDS EK-League. Klik
hjir foar mear ynformaasje. Jim hawwe noch 1 wike om him yn te leverjen.
Der lizze ek formulieren yn de kantine en yn de Jimbar.

Op fakansje
Ien fan de 2 wepmasters(dy mei dat burd) is mei syn lisfyts op paad nei Sweden. Mocht der gjin lekke bân krije dan is hy oer 3 wiken wer werom. As jim nijs hawwe kinne jim dat gewoan trochjaan op
info@vv-sds.nl. De oare wepmaster(dy sûnder burd) hie graach op fakansje wollen, mar bliuwt no fansels thús.

Oerskriuwe
Foar fuotballers dy ’t noch ferkasse wolle nei in oare klup yn it amateurfuotbal is it hjoed de lêste dei om je oer te skriuwen. Age Hains Boersma wie noch krekt op ‘e tiid en stoppet mei betelle fuotbal by Veendam en giet wer nei VV Sneek..

Gjin Topklasse
Moannen waard der oer praten, mar foarearst wurdt it ôfblaast. Der komme gjin 3 topklassen yn it amateurfuotbal. Regio Noord stimde al foar(klik
hjir).

El Diego(2)
Sa ’t wy juster al melden. Net ferjitte jûn de dokumintêre om 21.00 op Ned. 3 oer Maradona te sjen!