SDS JO13-2 troch yn de seal!

Weppers freed 30-12
29 december 2016
Lokkich-nijjierweppers
2 januari 2017


Juster hat JO13-2 beste saken dien yn Woarkum yn ‘e seal. Se moasten it opnimme tsjin in oantal knap fuotbaljende teams.

De earste wedstryd wie tsjin Makkum JO13-2, dit team hie muoite mei it tempo fan ús jonges en koe gjin stand halde. 3-0 foar SDS.
Dernei stie Balk JO13-3 op it programma. Dit team hie harren earste wedstryd in false start mar spile tsjin us jonges stug fuotbal en foaral it fysieke oerwicht foal us jonges swier. Kanskes oan beide kanten, mar nea koe it fersulverje yn in goal. 0-0.
Mulier JO13-1 wie no oan de beurt. Lyk as de twadde wedstryd hien us jonges it dreeg om t doel te finen. In protte kansen mar de bal woe der net yn. Lokkich genôch kryg de sterk ferdedigjende Pieter Wijnia it op ‘e heupen en skeat de bal tussen de pealen. 0-1 winst.
De leste wedstryd wie tsjin Oeverzwaluwen JO13-1. Dizze ploech hie 6 punten en wy 7.
Winne of gelykspylje wie de opdracht .
En wûn waard der , der waarden ferskrikkelyk folle kansen creëert troch Ruben, Olaf en Sije. De earste goal waard ynsketten troch de tsjinstanner sels en de twadde waard makke troch Ruben. 2-0 Winst. Foaral Haije, Pieter en Niels halden boel efterynr eltse wedstryd moai op slot wertroch de foutleas keepende Jelte de 0 wist te halden, dizze jonge hat talint.
De beker gie mei nei Easterein, poule winnaar!
No op nei de heale finales yn Snits op 4 jannewaris.
Hans