Weppers tongersdei 29-1

Weppers woansdei 28-1
27 januari 2015
Weppers freed 30-1
29 januari 2015

SDS League
De transfermerke is noch 3 dagen iepen. Dat betsjut dat wy kommende moandei wer los kinne mei it ynfullen fan de nije SDS League. Nije dielnimmers kinne harren dan oanmelde en lju dy ’t al meidienen oan de earste helte meie harren teams oanpasse. Je nije team moat ynlevere wurde foar sneon 14 febrewaris 19.00 oere.

Trainer en lieder foar SDS Vr.2 socht!
Wy binne noch altiten op syk nei in trainer en lieder foar de froulju fan Vr.2. Wa liket it wat om dizze enthousiaste froulju ien kear yn de wike (of faker) it fuotbaljen in bytsje by te bringen? Of wa wol sneons dit team begeliede? Graach maile mei 
info@vv-sds.nl.

SDS 2 mei de A’s de seal yn
Jûn om 21.00 oere giet SDS 2 de seal yn. Der dogge ek wat A’s mei. Fansels nimme se allegear in eurootsje mei.

SDS 2 oefenje?
SDS 2 sil sneon mooglik oefenje tsjin Heeg 2. Dan kinne de spilers der mar fêst rekken mei hâlde.

Wintersliep
SDS 2 hat op sneon 6 desimber noch fuotballe en krige doe al winterskoft. Normaal sprutsen meie sy nije wike sneon 7 febrewaris foar it earst wer fuotbalje. Sy moatte dan út nei DWP. Mocht dit net trochgean dan hoefe sy 14 febrewaris net yn te heljen, want dan moat DWP 2 foar de beker. Sneon 21 febrewaris is SDS 2 frij, dus it kin samar dat SDS 2 pas wer op sneon 28 febrewaris los hoecht.

Alderaardichst


Harsens derby (1423)
Harsens derby?
Hast de harsens derôf!!