Weppers freed 3-6

Weppers woansdei 1-6
31 mei 2011
Weppers snein 5-6
4 juni 2011

The battle
Sneon om 11.00 oere wurdt der fuotballe troch D1. Sij hawwe net in maklike tsjinstanner útsocht: de heiten. André Vink dy fluitet.

Da1
Neffens ús lêste ynformaasje soe de Da1 jûn de striid oanbine  mei Tzum Da1. It soe begjinne om 19.30 en it fynt plak yn Easterein.

Mar:  neat feroaret mear as in begjintiid fan in wedstriid. Wij krije freedtemiddei troch dat dizze wedstriid om 14.30 oere op sneon fuotballe wurdt.

SDS 6
Wij tinke dat sneon om 12.45 oere de lêste wedstriid fan it seizoen spile wurdt. SDS 6 treedt thús oan tsjin Mulier 4. Sjoen it boppesteande soe it de ien nei lêste wedstriid wêze kinne.

Kalkje

It is mar goed dat it seizoen dien is. Uteinlik duorret it seizoen ien heale sirkel te lang. Wat de kalk oangiet. Krekt te min hjoed en sa sille se it jûn en moarn dwaan moatte mei in heale sirkel.
 

Lêste wedstriden
Sneon wurdt ek bekend wa’t de oare twadde klassers wurde takem jier. Berltsum moat thús tsjin Kollum (earste wedstriid 2-2) en CSL moat thús in 2-0 efterstân tsjin it Fean ’58 goed meitsje.

Ynterlân fuotbal
Nederlân oefent moarn tsjin Brazilie. Mar hjoed binne der in oantal echte wedstriden foar meidwaan oan EK. Nijsgjirrich potsje is Belgie tsjin it Turkije fan Hiddink.  

Hellet hij it?
Wij freegje ús ôf at Jans earste op twadde pinksterdei wol hellet. Dat is wer ris wat oars as de Kryst helje.

Harsens derby (486)
De Spaanse beker en de Nederlânse skaal hawwe beide in flinke dûk oprûn mei de festiviteiten nei it beheljen fan dizze trofeeën. In flinke dûk fan Evra soarge der foar dat de Ingelse beker net beskadige waard: