Weppers freed 29-4

Weppers tongersdei 28-4
27 april 2011
SDS League: Camataru pakt de wykpriis!
29 april 2011

SDS 1
It earste fan SDS hat tongersdeitejûn oefene tsjin it earste fan Heech. De wedstriid waard ôfsluten mei in 5-0 einstân. Bliidskip wie der oan de kant foaral dat de oan SDS takende strafskop benut waard. Anne Stenekes makke dat doelpunt. De oare doelpuntenmakkers  binne ús net bekend.

Sin oan wat
hspace=0
“honger hiene se”, fan it trainen, it sjen en it fuotbaljen justerjûn. En wat dogge je dan at je yn de kantine yn Easterein sitte en der neat te snekken is en it net in tiid is dat kafataria yn Wommels iepen is. Dan ride je nei Snits, helje dêr in flinke pûde snek mei in hiele soad potsjes saus en sykje dan wer in plakje yn de kantine op.

SDS 5
SDS 5 reizge justerjûn betiid ôf nei de Hommerts en kaam jûns let werom mei 0 punten. Tsjin HJSC 3 waard mei 3-1 ferlern. Wij ha begrepen dat SDS oars wol trije kear skoarde en HJSC mar ien kear. Neiere útlis sil wol folgje.

Easterein Rocks
Moarn is it keninjinnedei. De gewoane dingen as flagge út, rommelmerke, spultsjes foar de bern, keatse en oranje tompoezen ite steane wer op it programma. Mar dizze kear ek wat spesjaals.
Om 19.30 oere is der
Easterein Rocks. En it is sa’t se dat sa kreas yn it Frysk sizze kinne yn Easterein ” open air “.

Skoaltoernooi
Wij hiene fierders noch net folle heard fan de resultaten op it skoalletoernooi ôfrûne woansdei mar fûnen dit
artikel
op Wommels.nl.

God?
Cristiano Ronaldo: “God sent me to the earth to show people how to play football.”
Lionel Messi: “I never sent anybody!”

Harsens derby (459)
Dizze goal mei der wêze: