Weppers freed 29-3-2024

Pupillen fan de wike
26 maart 2024
Sneon 30-3-2024
29 maart 2024

Wedstriden sneon 30 maart

Sneon binne der net folle wedstriden.
Dit is it programma:
SDS JO14-1 – Leovardia JO14-2 om 9.30 oere
ST. SDS/Nijland JO15-1 – SJO RSC JO15-2 om 11.15 oere yn Nijlân
SDS 3 – Mulier 2 om 14.30 oere
Oudehaske 4 – SDS 4 om 13.00 oere

SDS 3 – Mulier 2

SDS 3 hat yn elts gefal genôch spilers op papier foar moarn en dat is al hiel wat. Dizze mannen wurde om 13.40 oere yn de boks ferwachte:
Jorrit E, Michael, Arjan, Aiso, Jildert vd W, Gjelt , Redmer, Harm, Wiltsje, Doede, Ate, Jochem, Jildert H. en miskien noch in pear.
Enne Bruinsma sil de wedstriid fluitsje.

Oudehaske 3 – SDS 4

It rint net sa hurd de lêste wiken by SDS 4. In grut ferlies tsjin Nijland, lykspylje tsjin Heerenveense Boys 10 en as in wedstriid earder begjint as 14.30 oere is it dreech om genôch spilers byinoar te krijen. Dizze ynhelwedstriid tsjin koprinner Oudehaske begjint om 13.00 oere. Mei wat blessures, wat lju oant wurk, Daan op de Kanaryske eilannen en Harm yn de skootmobyl sil it wol in hiele toer wurde om balje te kinnen. Dit is de seleksje oant no ta:
Dennis, Jan-Simon, Robert, Feite, Jildert, Mark, Frank, Ronny, ….

Poiesz-jeugdsponseraksje

Jim kinne noch oant snein 7 april sparje foar munten by de Poiesz yn Skearnegoutum. Wat ús oanbelanget mei de Peaske allegear oan de jirdbaaien!

Theatershow yn Nijlân

Sneon 25 maaie om 20.00 oere komme Wim Kieft, Gert-Jan Verbeek en Eddy van der Leij in praatsje hâlden yn Nijlân. Kaarten binne €25,- it stik en te krijen by De Mande, Slagerij Anema en DA-Fizel.

SDS 1 is frij

SDS 1 hat moarn frij en mei efkes bekomme. Nije wike sneon meie sy om 15.00 oere yn Warkum balje tsjin nûmer 3, Workum 1.
Der binne moarn al 2 ynhelwedstriden yn de 3e-Klasse A;
sc Joure 1 – CVVO 1
Heeg 1 – Nijland 1

7×7

Nije wike freed 5 april meie de 7×7-teams wer los.

SDS-League

De ôfrûne wike allinnich mar oefenfuotbal, dus gjin SDS-League dizze wike. Peaskemoandei of -tiisdei hope wy mei de nijste stân te kommen.
De SDS-Leaguekommisje is noch al dwaande mei de kwestje Brenet.

Harsens derby (2238)

Ho!