Sneon 30-3-2024

Weppers freed 29-3-2024
29 maart 2024
SDS-League: Brenet der út, in oar der yn.
1 april 2024

It programma fan hjoed

09:30 ST SDS/Nijland JO14-1 – Leovardia JO14-2 4-0
11:15 ST SDS/Nijland JO15-1 – SJO RSC JO15-2
14:30 SDS 3 – Mulier 2 3-2
13:00 Oudehaske 4 – SDS 4 g.n.t.

ST. SDS/Nijland JO14-1 nei de lêste 4

ST. SDS/Nijland JO14-1 hat juster mei 4-0 wûn fan Leoavrdia JO14-2 en dat betsjut dat sy by de lêste 4 fan de beker sitte.

SDS 3 – Mulier 2 3-2

By it skoft stie Mulier 2 mei 0-2 foar by SDS. Miskien al wat tsjin de ferhâldins yn, mar it stie al op it skoreboerd. De twadde helte foelen de bal wol yn de goal by Mulier dy’t yn de earste helte noch mist waarden en úteinlik wûn SDS 3 noch mei 3-2. Dit wienen de doelpuntenmakkers:
Kees (assist Ate)
Ate (assist Kees)
Kees (assist Ate)

Oudehaske 4 – SDS 4 g.n.t.

Mei 9 man kinne je net in wedstriid balje. Spitich foar Oudehaske 4 dy’t dit al faker tsjinkaam en graach balje woe. Hooplik pakt SDS 4 de tried gau op en spilet it de rest fan it seizoen al eltse wike mei  sawisa 11 fuotballers.