Weppers freed 28-3

SDS League: Spannumer Eartepûlen pakke de wykpriis!
26 maart 2008
Seleksjes -sneon-
28 maart 2008

It muoit ús
It muoit ús tige dat er tongersdei gjin weppers wiene. Wij hiene it drok mei wurkje, húshâlding en trainen. Jim kinne yn de rin fan dizze dei wer freed weppers ferwachtsje. Frek, se binne der al.

WPB 1- SDS 1
Hoe faak hat SDS yn Snits wûn. Jim kinne it yn dit stik lêze.

Utsteld
De wedstriid SDS E4- Leeuwarden E5 giet sneon net troch. No fêststeld op 15 april om 19.00 oere.

Seleksjes
De seleksjes fan sneon sille yn de rin fan dei fermeld wurde. Wij moatte earst wer wurkje!!

Alders oan de line
Ik wie fan ‘e wike yn it Hearrenfean en lêsde dêr in klupblêd fan SC Heerenveen. Dêryn stie dat de âlders inkele moannen lyn fersocht wie om net mear nei de bern te roppen en te razen ûnder de wedstriid. De bern hienen in opdracht fan de trainer as hja yn it fjild kamen. As heit as mem dan oan it balten gean, dêr lústerje de bern dôchs nei (hoe is it mooglik, normaal lústerje de bern tsjintwurdich net mear). Mar dan giet de taktyk fan de trainer hielendal ferlern.  De âlders meie ek net mear efter de goal stean. Sy meie allinne mar hup, hup roppe.
De konklúzje wie dat it spul better gie fan de spilerkes.
Anna-Marie Wijnia

Toto
Der is in webmaster dy dy’t fanatyk meidocht mei it amateurvoetbalspel yn de regio Snits. Begjin maart stie hij stevich oan kop. Hij stiet no net mear boppe-oan. Dat komt omdat dizze optimist SDS altiten op winst sette. En dat hat al flink wat wiken gjin punten oplevere.
Dêrom hat hij no net mear as optimist de toto fan dizze wike ynfuld, mar as realist. Bij WPB – SDS stiet dus in 1.

Ôfskiedswedstryd
Dirk-Yde spilet sneon syn earste en lêste wedstryd foar Old Boys 1:
Nei in seistal trainingen mien ik klear te wezen foar in fuotbalwedstriid. En dat komt moai ut, want kommende sneon stiet der in pre-seasonmatch op it programma. Dat sil foarearst ek myn leste offisjele fuotbalaktiviteit weze, want nei kommend wykein gean ik wer fjirder mei reizgjen en sil ik net mear traine kinne yn Invercargill. Dizze wedstriid sil dan ek lyk myn ‘ofskiedswedstriid’ weze. Klinkt wol aardich. Ik stean yn de basis as spits en mei ek noch te frije trapen nimme is fannejun tidens de slottraining besletten, skeat de earste de beste frije traap drekt yn de krusing! Dat ha ik noch noait kinnen. Dizze wedstriid mei fansels net untbrekke yn jim aginda, dus dêrom fannemiddei ek de selekje foar dizze wedstriid fan sneon op de webside.

SC Heerenveen – Ajax
Gearard Posthumus is al hielendal klear foar de wedstryd fan SC Heerenveen moarn tsjin Ajax. Hy wit seker dat Heerenveen wint en dat Ajax ek folgend jier nêst de prizen gripe sil:
Dit seizoen wurdt it ‘m net mear foar Ajax, mar de takomst sjocht ‘r ek net sa best út, at je understeand artikel lêze. 
Ajax stelt kampioenschap weer uit (25 maart)
EXCLUSIEF – Waar Ajax dit seizoen optimaal heeft gefaald om het kampioenschap, was alle hoop gevestigd op een nieuw seizoen. Het eerste seizoen onder Marco van Basten, waar nu ook al weer een streep door kan. Vanmorgen is bekend geworden dat Ajax door wil met Jurgen Colin, één van de zoveel paniekaankopen afgelopen zomer. Ajax wil duidelijk niet verder in ontwikkeling en heeft de schaal alweer geschonken aan Eindhoven.

Wa soe dy spiler wêze dy’t der yn de fierte rint en net meidield yn de feestvreugde?

Trainen SDS 4 en SDS 5

PvP wie der net. Dat betsjutte fansels dat de âldsjes wûnen. In moaie partij, mar op kondysje  ensf.

SDS Tassen Registraasje Systeem (TRS)
Wy hawwe al in hiel soad, mar noch net allegear. Mail je tasnûmer nei
info@vv-sds.nl!

Beste goal
Pato debuteare fan ‘e wike foar Brasilië tsjin Sweden en hoe……..


Letter hjoed mear!