SDS League: Spannumer Eartepûlen pakke de wykpriis!

Weppers woansdei 26-3
25 maart 2008
Weppers freed 28-3
28 maart 2008

It binne dizze wike de “Spannumer Eartepûlen” fan Bote Strikwerda dy ’t de wykpriis pakke. Sy pakten mar leafst 47 punten.


De plysje-CAO is hast rûn en dêrmei liket it ek dien mei de goeie rissultaten fan “Popkognoli” fan Popko Wijnia. Hy pakt dizze wike mar 16 punten. Hy stiet dêrmei noch wol boppe-oan, mar hat selskip krigen fan Marije Stenekes. Dat sy it stikken better docht as heit Jan sil fêst “Reboelje” opleverje thús.

It wurdt hieltiten spannender boppe-yn de SDS League. Mei noch 4 wiken te gean is it ferskil tusken de nûmer 1 en de nûmer 9 mar 10 punten.

Wy nimme oan dat Anne Stenekes mear ljipaaien fynt dan de ôfrûne wike punten yn de SDS League. Mei “Anne Steen op nummer 1” pakte hy der fan ‘e wike mar 8.

Ûnderyn is it yn elts gefal net spannend mear. “Kwaliteit is geen toeval” fan Rudy Dykstra hat tafallich al hast 50 punten minder as de nûmer ien nei lêst “In Control” fan Hendrik Engbrenghof. 


Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 6.