Weppers freed 28-10

Seleksjes sneon 29-10
28 oktober 2016
Sneon 29-10
28 oktober 2016

Rjochtsette

 

Net Marije mar Marrit

Net Marije mar Marrit

Wij moatte earst wat rjochtsette.
Wij krigen fannemoarn dit berjocht fan Hester Hiemstra nei oanlieidng fan de SDS League:
Hier thuis een beledigde coach van het hiemstrapower team… win je de weekprijs met je broers, wordt je Marije ipv Marrit genoemd.

Marrit fan herte lokwinske mei de priis. En fansels Niels en Jorn ek.

De bus

Op it parkearterrein bij DWP kinne se moarn mar romte meitsje foar de SDS-bus. SDS 1 en SDS VR1 en wat supporters komme mei de bus nei Sint Jansgea. En foar de weromreis moat er wol in plakje oerwêze: foar de 6 dikke punten.

G.n.t.

De wedstryd fan SDS JO13-3 giet moarn spitich genôch net troch. Makkum JO13-2 hat te min spilers.

 

Efkes Balje

Ek op dizze lêste freed yn oktober kin der wer Efkes Balle wurde. Om 19.30 yn Easterein.

Oktoberfest

Moarntemoarn kinne lyk de lederhosen of de dirndl wol oan, want der it is Oktoberfest yn de Jimbar! It begjint om 17.00 oere!

Nei de kapper!

Mochten je nei de kapper ta moatte en je witte noch net hoe ’t je it hier hawwe moatte, dan hawwe wy noch wol in ideetsje:

Harsens derby (1781)

Giel?