Weppers freed 27-8

Weppers tongersdei 26-8
25 augustus 2010
Útslagen sneon 28-8
26 augustus 2010

B1 giet net troch
Frisia B3  –  SDSB1  giet moarn net troch. Der sil nei in oare datum socht wurde.
Klaas Okkema

E1 giet net troch
Krije wij troch fan André Vink


Seleksjes
Fan SDS 1,2 en 5 hawwe wij de seleksjes binnenkrigen en dy binne hjirûnder te sjen.

SDS 1
SDS 1 begjint sneon, at it waar it ta lit oan de earste bekerwedstriid. Makkum is de tsjinstanner. It begjint dêr om 14.00 oere.
Om 12.15 geane se fuort mei de folgende spilers:
Ewout, Feiko, Jildert, Hendrik, Tsjipke, Arjan, Henk, Harm Redmar, Andries, Elger, Jaap en Anne.

SDS 2 thús
SDS 2 mei om 12.30 thús oantrede tsjin Mulier 2. Om 11.30 wurde de folgende spilers ferwachte: Marten, Dennis, Syb, Eeltsje, Robert, Willem, Christiaan P., Geert, Hendrik, Jentsje, Sjoerd R, Jan, Ralph en Remco.

Twa kear SDS 5
De brede seleksje fan SDS 5 docht dit wyykein wol fertuten. Want om de “triple” te pakken, is it kommend wykein fan grut belang. Der stiet foar de iene helte fan de seleksje in bekerwedstriid op it programma op sneontemiddei om 16.30 oere tsjin Nijlân 3. De oare helte sit op dat momint al mei in bierke en in beker út te rêsten op it terras fan de kantine fan sc Terschelling.

SDS 5 – Nijland 3
der wêze 15.55 uur
it begjint 16.30 uur
Seleksje
Jan Mulder, Jeroen Wagenaar, Lieuwe Meijer, Sytse Hibma
Durk Okkema, Ype Tiemersma, Rudy Dijkstra, Klaas Visser
Bauke Jan Plantinga, Jelte de Boer, Bertus Bootsma
Gerlof Jan Hofstra.
Mooglik komme der noch in trijetal spilers bij.
de lieder fan it fêste lân
Jappie

Gat
Moarn wurdt der wer folop fuotballe op de Skoalleseize(sjoch hjir). Al sit der wat in gat yn de programmering. Om 14.30 is der gjin wedstryd…..

Puzzelje
De A-seleksje bestiet út mar leafst 28 spilers. Dochs wie it juster wer skraapjen om oan 13 man te kommen. By SDS 2 wie it net oars. Johan Faber kin út spilers kieze fan sawol SDS 2 as 3, mar koe ek mar krekt 14 man byinoar krije. Wêr is eltsenien?

Goeie tarieding
De tarieding op it toernooi op Skylge is net troch elkenien gelyk. In oantal spilers fan SDS 5 kieze in tarieding wêrbij socht wurdt nei wat ûntspanning fan te foaren, wat relekse op it eilân en in goeie nachtrêst. Op freedtemiddei om 16.00 oere sette se ôf.
De oare helte giet foar de stressboat op sneontemoarn, fytse nei de lokaasje en komme al wurch oan. Wij binne benijd hoe’t dit mikst.

Fersoarging
Een moment uit de wedstrijd van SDS 5: Halverwege de eerste helft een kleine botsing tussen een paar spelers van Heeg en Easterein. De Heger kwam er zonder kleerscheuren vanaf, maar de Eastereinder had verzorging nodig. De verzorger van SDS stond als een raket op en zo vlug als hij kon snelde hij zich naar de gewonde. Maar wat gebeurde daar, als een rode streep vloog de verzorger van Heeg naar de ongelukige en voordat de verzorger van SDS het in de gaten had was alles weer gepiept.
Misschien kwam het door zijn grote baard of we worden wat ouder, maar deze man ging met onverrichte zaken de lange twee meter weer naar de reservebank en de Heger liep onder luid applaus de volle tachtig meter weer terug. Ach je moet zo maar denken, misschien spaarde deze webmaster zich ook wel voor de tweede helft.

Harsens derby(276)
“Tink deróóóóóóóóóóóóóm”!!!!