Weppers snein 26-5-2024

Slotdei SDS-jeugd op sneon 1 juny
23 mei 2024
Mei de bus nei de bekerfinale SDS/Nijland JO14-1-Tynaarlo yn Hollandscheveld.
28 mei 2024

Utslaggen

23-mei 18:30 Scharnegoutum’70 JO14-1 – ST SDS/Nijland JO14-1 0-4
23-mei 20:00 St.Annaparochie 2 – SDS 2 1-2
25-mei 10:00 ST SDS/Nijland JO15-1 – Beetgum JO15-1 9-1
25-mei 10:00 SDS JO9-3 – GAVC JO9-2JM
25-mei 09:00 Scharnegoutum’70 JO13-1 – ST SDS/Nijland JO13-1 1-9
25-mei 10:30 ONS Sneek JO14-2JM – ST SDS/Nijland JO14-1 1-5

SDS/Nijland JO14-1 is kampioen

SDS/Nijland JO14-1 is juster kampioen wurden nei mei 5-1 wûn te hawwen by ONS JO14-2JM. Fan herte lokwinske!
Sneon mei de JO14-1 noch probearje de dûbel yn de wacht te slepen yn de bekerfinale tsjin Tynaarloo.

SDS 2 wint yn Sint-Anne (ferslach)

De leste dûns fan Samir

Nei een soad ôfmeldingen en wat dreech oerlis yn de groepsapp blykte tongersdei de beste dei om de wedstriid tsjin St Anne te spyljen. De nûmer lest tsjin de nûmer 1 nei leste. Samir hie wer ferskate spielers benadere en úteinliks kamen we uit op een seleksje mei 15 man. Ienmaal oankommen yn St Anne krigen we noch een ôfmelding fan Ate en Steven wie in gjin fjilden of wegen te bekennen. Gelukkig siet us snelle baaske Wessel Schraa klear om yn de basis te begjinnen. 15 minuten foar de ôftraap kaam us wadloper Steven ek oanrinnen en koe hij dochs yn de basis begjinne. Tom pakte it flaggestokje op en de wedstriid koe begjinne.

De soldaten fan SDS begongen sterk oan de wedstriid. elkenien wie skerp en de duels waren wûn. Echt grutte kânsen kamen der net oan beide kanten, tot oan de 30e minút. Een frije trap foar SDS oan de sietkant fan it fjild. Anne en Tjitse oerlizze wa de bal nimmen giet. Tjitse giet efter de bal stean en Anne foar de goal. Hy bringt de bal bij de 2e peal en der stiet us vedette Anne goed positionere. De bal falt tusken him en de keeper yn en it is mar krekt wa der as earste bij de bal is. Op een Maradona achtige wize tikket hij de bal my syn hân yn plak fan mei syn holle foarby de keeper en yn it net. Elkenien sjocht om nei de skiedsrjochter maar die wiist nei de middenstip, doelpunt dus en SDS op foarsprong.

Nei de 1-0 gong SDS opsyk om hun foarsprong uit te breiden. Der kamen wat korners en uit 1 fan die korners een aardige mogelijkheid. De bal kaam foar de goal en waard verlengt nei de 2e peal. Wer nei de bal nochris foar de goal goait waard. Tim stie goed positionere en kopt de bal rjochting de goal. Mei de vingertoppen koe de doelman van St Anne der krekt foar soargje dat de bal tsjin de latte kaam. Gjin 2-0 foarsprong dus.

Dan een peer minuten letter. Een doeltraap fan Mark. It kopduel wurdt foaryn net wûn en de bal falt yn de fuotten fan de verdediging fan de tsjinstander. St Anne sieket hun bûtenspiler. Niels Hiemstra probearet foar syn man te krûpen on de bal ôf te pakken maar kriget een triuw yn de reg en dat slagget dus net. De nûmer 10 fan St Anne giet der mei de bal fan troch. Nei een goeie foarset en Mark die net helemaal goed positineert stiet wurdt de 1-1 makke. Niels wurdt noch even lilk op de skiedsrjochter maar die giet Disse goal natuerlik nooit meer ôfkeuren. Beide teams dus wer op gelike hichte. As SDS dize lêste wedstriid ûnder lieding fan Samir noch winnen wol moast der dus al wat barre.

Wer begjint it bij de doeltraap fan onze slútpost Mark. Eeltsje wurdt yn syn reg rûn en SDS kriget een frije trap op de middelline. Anne en Tjitse wer yn oerlis wa fan de 2 Disse bal nou nimme moat. Dit kear wurdt it Anne. Hy leit de bal fakkundige efter de verdediging van St Anne en der wit Wessel Schraa wol rie mei. Mei de holle nimt hij de bal oan lâns de keeper en sjit him mei syn chocoladebeen keurig tsjin de touwen. 2-1 en dat is ek de stand wêrmei SDS it skoft yn giet.

Der wurde gjin wiksels ta past troch coach Tawafre en dus gean de selde 11 as yn de earste helte wer klear stean om sich op te meitsjen foar de 2e helte. De Spoel dit kear mei de flag yn de hannen en een hesje wat fiersten te lyts wie wat wol een moai gesicht oplevere. St Anne bringt wol de nedige wiksels yn en dat wie gelyk te merken. De bal waard snel fan kant nei kant ferpleatst en SDS hie der even muoite mei. De Eastereiners verdedigden goed en probearden op snelheid fia de flanken gefaarlik te wurden maar echt grutte kânsen leverde dit net op.

Niels rekke yn de 60e minút blesseard en moast it fjild ferlitte. Hy waard ferfangen troch Tom. Ek Steven koe de wedstriid net útspylje. De kramp sjitte deryn bij us wadloper en dus kaam Wout foar him yn it plak. Dit betekene wol dat dat wy 2 manken op de bank hienen die beide net it flaggestokje oernimme koenen fan Jelte. Hij moest de wedstriid dus útflagje ek al hie Samir him speelminuten beloofd.

Mei noch sân 20 minuten op de klok kaam St Anne noch mei een slotoffensief. Verdedigers waren nei foaren stjoert en it wie tsjinhâlden foar SDS. Mei us snelle spitsen waard der op de counter spile en hjirtroch kriich SDS nog een peer lytse kânsen. 1 fan die kânsen wie fan Wessel Schraa. Syn snelheid waard benutten en der siet een sjitkâns yn. Jammer genôch koe hij de bal net drukke en belâne dize oer it fangnet.

Sân 5 minuten foar tiid komt er dan toch noch een kâns oan foar St Anne. Een mislukte foarset stuitert lâns Mark, tsjin de binnenkant fan de peal gelokkkig wer de goal uit. Anne wurket de bal fuort en SDS komt mei de skrik frij. Noch een peer minuten tsjinhâlde en dan klinkt it einsinjaal fan de skiedsrjochter die overigens een goeie wedstriid fluite. SDS wint eindelijk wer is. Einstân 2-1.

Dan noch even een betankje foar elkenien die SDS 2 yn dit drege seizoen steunt hat.

Samir bedankt voor je inzet de afgelopen jaren en succes bij je volgende club. We gaan alle mooie appjes in de groepsapp zeker missen.

Eeltsje Bootsma

Slotjûn SDS MO9/10

Tongersdeitejûn hienen de famkes fan de MO9/10 in slotjûn.
De training wie in wedstriid tusken de âlders en de bern.
Mei in gigantische opkomst, en fanatieke âlders en bern, waard it ôfslúten mei in patatsje.
Tige tank oan de trainers Syb, Christine, Jan en Geartsje, Luuk en Sofie!
En natuurlijk de âlders foar alles support!
Groetnis,
Rudy

Harsens derby (2253)

JO14-1 is kampioen!