Weppers freed 24-5-2024

Kommend seizoen wer in ST. SDS/Nijland JO19-1
22 mei 2024
Slotdei SDS-jeugd op sneon 1 juny
23 mei 2024

Sint-Annaparochie 2 – SDS 2

SDS 2 mocht noch ien wedstriid balje en dat wie juster tsjin Sint-Anna Parochie 2. Earder spilen SDS 2 en Sint-Anne 2 ek al tsjinelkoar yn Sint-Anne. No soe de wedstriid kommende sneon yn Easterein plakfine, mar dan koe SDS net genôch spilers byelkoar krije. De Sint-Ansters woenen wol op tongersdei balje, mar dan al graach thús.
De wedstriid begie om 20.00 oere. Dizze SDS’ers gienen om 18.45 oere út Easterein fuort. Sommigen mei de SDS-klean al oan.
De seleksje:
Mark
Wessel W
Bauke
Anne
Niels H
Robbin
Steven
Tim
Tjitse
Ate
Eeltsje
Tom
Wout
Wessel S
Jelte

SDS 2 wint!

SDS 2 hat juster de lêste wedstriid fan it seizoen mei 2-1 wûn fan Sint-Anne 2. SDS kaam mei 1-0 foar troch in doelpunt fan Anne Stenekes, mar it waard al gau wer 1-1. Foar de rêst makke Wessel Schraa der noch 2-1 fan yn Sint-Anne en dat waard úteinlik ek de einstân.

Programma

Juster 2 wedstriden en moarn de rest:

23-mei 18:30 Scharnegoutum’70 JO14-1 – ST SDS/Nijland JO14-1 0-4
23-mei 20:00 St.Annaparochie 2 – SDS 2 1-2
25-mei 10:00 ST SDS/Nijland JO15-1 – Beetgum JO15-1
25-mei 10:00 SDS JO9-3 – GAVC JO9-2JM
25-mei 09:00 Scharnegoutum’70 JO13-1 – ST SDS/Nijland JO13-1
25-mei 10:30 ONS Sneek JO14-2JM – ST SDS/Nijland JO14-1

SDS 1 ôfslúter

SDS 1 sil kommende sneon it seizoen mei syn allen ôfslúte yn Grins troch te paintballen. Dit hie oars ek wol in leuk fuotbalspultsje west (klik hjir).

De Treffer

No’t it seizoen foar de measte teams klear is kinne wy dwaande mei de lêste Treffer fan it seizoen. It soe moai wêze as wy in stik of wat seizoensferslaggen krije fan teams fan SDS. Klim yn de penne en mail jim stikje nei DeTreffer@vv-sds.nl. Graach foar tongersdei 30 maaie.

SDS EK-League

Binne jim al hast klear foar it EK fuotbal yn Dútslân? Fanôf begjin nije wike kinne jim wer meidwaan oan de SDS-EK-League.

Prizen SDS-League

It prizenjild fan de SDS-League wurdt ynkoarten útkeard ne it dienimmersjild ôfskreaun. Troch spesjale omstannichheden kin it al wêze dat it wat langer duorret as oars.

Kieft en Dersken

Kommende sneon 25 maaie komme Wim Kieft en Gert-Jan Verbeek mei Eddy van der Leij yn Nijlân. Der binne noch wat kaartsjes te krijen.

Neikompetysje

Nijland 1 sit yn de neikompetysje foar in plakje yn de 2e-Klasse. Kommende tiisdeitejûn spylje sy thús. Tsjin wa en hoe let is noch net bekend.

Harsens derby (2252)

Mis poes, appelmoes!