Weppers freed 27-8-2021

Weppers tongersdei 26-8-2021
26 augustus 2021
Weppers moandei 30-8-2021
30 augustus 2021

Oefen: sc Joure 1 – SDS 1

SDS 1 oefent sneon om 14.30 oere út tsjin 2e-Klasser sc Joure.
12.30 aanwezig
12.45 bespreking
13.00 vertrek
1 Jaap ©️
2 Remco
3 Erik
4 Gerwin
5 Jelte-Pieter
6 Wierd
7 Teun
8 Pieter
9 Hendrik
10 Matthijs
11 Stan
12 Luuk
13 Gerbrand
14 Sjoerd
15 Douwe
16 Wesley

Oefen: SDS 2 – sc Bolsward 2

SDS 2 oefent sneon om 14.30 oere thús tsjin sc Bolsward 2. De folgende seleksje wurdt om 13.30 oere yn de boks ferwachte. Ynterim-koach makket dan de opstelling bekend en kin kize út de folgende spilers:
Jurjen, Eeltsje, Jort, Lieuwe, Robin, Sjoerd, Arjen, Sietze, Tjitse, Kent, Stijn, Wessel, Kevin, Bote, Bauke, Ewout en Peter.

AVC 1 – SDS 1 fersetten

De bekerwedstriid fan sneon 4 septimber tusken AVC 1 en SDS 1 is fersetten nei tongersdei 2 septimber. Dizze earste bekerwedstriid begjint dan om 20.00 oere yn Seisbjirrum.

SDS 4 en 5 wer los!

SDS 4 en 5 sille kommende tongersdei foar it earst wer los. Sy traine dan op it keunstgers om 20.15 oere.

Dreech

Nije wike sneon spilet SDS 2 foar de beker thús tsjin Flevo Boys 2. It koe wolris dreech wurde foar de spitsen fan SDS 2 om tsjin dizze ploech te skoren, want der koe wolris in âld-Eredivisiekeeper op de goal stean:

Diederik Boer keepte hast syn hiele karriëre by PEC Zwolle en dêrneist efkes by Ajax.

vv Nijland 75 jier

Us freonen fan vv Nijland besteane 75 jier en fiere dat dit wykein. Hjoed hawwe sy in reuny, moarn aktiviteiten foar de jeugd en de senioaren en snein in alternative keatspartij. Hooplik treffe sy it wat mei it waar.
affiche_75_jaar_vv_nijland_v2-min.png

Koronamaatrigels

Foar de lêste Koronamaatrigels moatte je hjir wêze. Yn it koart komt it der op del dat der gewoan fuotbald wurde kin en dat der supporters by meie. Supporters moatte al rekken hâlde mei de 1,5 meter. De kantine is iepen. Hjir moatte je sitte en de 1,5 meter yn acht hâlde. 17 septimber wurdt sjoen as de rigels wer oanpast wurde kinne.

Harsens derby (2310)

Somtiden is fuotbaljen krekt biljerten

 

Letter miskien wol mear!