Weppers freed 27-5-2022

SDS-jubileumplaatsjesboek
25 mei 2022
Programma sneon 28-5-2022
27 mei 2022

SDS 1 – Makkum 1

SDS 1 spilet moarn om 14.30 oere de lêste thúswedstriid fan it seizoen tsjin Makkum 1. Dit is de seleksje:
Jaap, Luuk, Gerwin, Jelte-Pieter, Wierd, Gerbrand, Teun, Matthijs, Remco, Peter, Lourens, Stan, Steven en Hendrik.

SDS 2 – ONT 2

SDS 2 spilet moarn de lêste thúswedstriid fan it seizoen thús om 12.00 oere tsjin ONT 2. SDS 2 draait in knap seizoen en wurde gewoan 4e yn dizze kompetysje. Dat is in komplimintsje wurdich.
De seleksje foar moarn sjocht der sa út:
Anco, Douwe-Jan, Sjoerd de B, Steven, Bauke, Jort, Jurjen, Kevin, Robin, Sietse, Sjoerd de V, Tjitse, Wessel en Jeffrey.

SC Terschelling – SDS JO19-1

De mannen fan de JO19-1 meie moarn nei Skylge en sille der in ûnferjitlijke dei fan meitsje.

SDS 5 slút it seizoen ôf

SDS 5 slút tradisjoniel sneontejûn it seizoen ôf by Harm-Auke yn de tún mei in barbecue en fleske bier. WD-Sat hat wer in grut skerm regele en Harm-Auke hat regele dat de Champions-League-finale op dizze datum falt. Wat sille de mannen wer in noflike jûn hawwe.

Op de foto foar it SDS-jubileumplaatsjesboek

Jeugdspilers dy ’t noch net op de foto kommen binne dy kinne moarn tusken 8.30 oere en 9.30 oere Henk Bootsma wol efkes oant burd lûke. Nei moarn steane de measten op de gefoelige plaat.

Sparje foar in pannakoai

Wy binne noch altiten drok oan it lege plestik fleskes sparjen foar in pannakoai. Smyt se allegear yn de spesjale bak yn de kantine.

Keapje in seizoenkaart fan sc Heerenven en stypje SDS!

Elkenien wol no fansels wol in seizoenkaart fan sc Heerenveen hawwe. Mochten je ien oanskaffe wolle of je seizoenkaart ferlinge sjoch dan hjir efkes dan kinne je SDS ek noch stypje.

Harsens derby (2376)

Toet, toet!

 

Letter mear!