Weppers freed 27-10

SDS-League: REJO pakt wykpriis!
26 oktober 2017
Sneon 28-10-2017
27 oktober 2017

SDS 1

Hopenlik krije wij sneontemiddei wer in moai en spannend spektakelstik foarsetten troch SDS 1 en Bant 1. De stand yn de kompetysje kinne jim hjir sjen en om in yndruk te krijen fan it skoarend fermogen fan Bant jout dizze link in byld. Fansels hoopje wij dat SDS oan it langste ein lûkt. Om 15.00 oere giet it los mei dizze seleksje, dy’t om 13.45 oanwêzich is:
Arjen Los, Bauke Dijkstra, Elger Turksma, Erik Haitsma, Frank Bervoets,  Gerwin Sijbesma, Habtamu de Hoop, Hendrik de Jong, Jaap Toering, Jelmer Posthumus,  Lourens van der Pol, Marco Rijpkema, Matthijs Postma en Wiebe Heeres.

SDS 2

Om 11.00 oere gean se fuort en om 12.30 oere begjint yn Stiens de wedstriid sc Stiens 2 – SDS 2.  Dizze seleksje wol graach winne:
Gertjan Bootsma, Anne Stenekes, Bote Strikwerda, Dirk de Jong, Feite de Haan, Gerrit Flisijn, Hendrik Engbrenghof, Jesse van der Weide, Jildert van der Werf, Jort Strikwerda, Jurjen Los, Piter van der Pol, Sjoerd de Vries, en Wiebe Vellenga.
De riders: Jort, Jesse, Jurjen en Piter.

SDS 3

Hommerts Jutrijp Sport Combinatie 2 is de gasthear  foar SDS 3.  13.25 gean se fuort en om 14.30 giet it los mei dizze seleksje:
Marten Faber, Auke Hiemstra, Gerlof-Jan Hofstra, Harm-Auke Dijkstra, Henk Postma, Jan-Simon Jelsma, Jeroen Wagenaar,  Pieter Kamstra, Pieter-Lieuwe van der Valk, Robert Sybesma, Ronny Wagenaar, Tjeerd Dijkstra, Wichard Deinum en Ype Tiemersma.

SDS 4

SDS 4 nimt it op tsjin WPB 5. Om 14.30 komme de Snitsers del. De seleksje fan SDS 4 dy’t om 13.45 begjint mei in bakkie,  sjocht er sa út:
Allert Turksma,  Broer Jacob Greidanus, Douwe Doede Koopmans, Gert-Jan Hessels, Ids de Boer, Igor Kalinowski, Jelte Hitzert, Johan Postma, Klaas-Bouke Faber, Peter Stuiver, Rick Hendriks, Ruun Ogoni, Sytse Hibma, Thomas van der Meer, Tseard Verbeek en Wietse Vink

SDS VR1

Om 13.30 komme se froulju bij ús sportpark. gean yn de auto rjochting it Hearrenfean, Pas om 15.00 oere trede de froulju fan SDS VR1 oan tsjin vv Heerenveen VR 2. De seleksje:
Tarina, Gerry, Janieke, Richtsje, Lysanne, Alissa, Sieta, Hester, Akke Rixt, Seriette, Tjitske, Sanne, Kirsten, Agnes en Jeska.
Flagger: Bertus Bootsma

Programma

It programma fan de kommende sneon kinne jim altyd sjen yn it menu bij Wedstrijden. Wat troch trochklikke en jim kinne thús-en útwedstriden sjen.

Omroppe

Eltse thúswedstryd fan SDS 1 ropt Enne Jehannes Bruinsma de nammen fan de spilers en doelpuntenmakkers om en regelt hy de muzyk. Hy soarget der dan ek foar dat hy der eltse thúswedstryd is en net ien oerslaat. De famylje hat dit kear allinnich oars bepaald. Enne moat in wykein fuort mei frou en bern nei Putten wylst SDS 1 thús moat. Hy hat Jacob-Klaas Haitsma ree fûn om foar ien kear syn taak oer te nimmen. Wy tinke dat hy it dan yn Putten wol heare kin hoe as it stiet… 😉

 

G.n.t.

Spitich genôch binne der ek al in pear wedstriden ôflast foar moarn. De wedstriden fan de JO17-3, 15-1 en 13-2 geane net troch……

Efkes Balje

It is seker net útsletten dat er sneon wer in ferslach fan it Efkes Baljen op freedtejûn om 19.30 op de side stiet..

Frikandellen

Justerjûn hie Pieter Wesselius bartsjinst yn de kantine en dat falt him te priisjen. Hy fuotballet net mear by SDS, wennet yn Grins en komt spesjaal op tongersdeitejûn nei Easterein om efter de bar te stean. Frikandel spesjaal………

Harsens derby (1940)

Ho!