Weppers freed 25-9

Weppers tongersdei 24-9
23 september 2009
Seleksjes sneon 26-9
25 september 2009

Giet net troch (1)
Tongersdei is al bekend wurden dat de Da1 sneon net hoege te baljen. De tsjinstanner (Boarnburgum) komt no net en letter ek net. Sij binne út de kompetysje. De froulju krije no sneon in kondysjetraining. 

Giet net troch (2)
Ek SDS 6 hoecht sneon net yn aksje. De wedstryd tsjin Zeerobben 5 giet net troch omdat de tjsinstanner ôfbelle hat. Hiel ferfelend foar de “jouwers fan fuotballes” want ferline wike sei de tsjinstanner ek al ôf. Eangst???

Seleksjes
Letter hjoed de seleksjes fan de seniorenalvetallen.

Twa Plantinga’s
Tongersdeitejûn wie it dan eindelik sa fier. Twa Plantinga’s oan it trainen bij SDS 4,5,6. Soan Bouke Jan hie him al pear sjen litten mar ek heit Jacob hie de stoute(fuotbal)skuon no oanlutsen. Ut foarsoarch hoechden se net tsjin elkoar yn de partijtsjes. Nei ôfrin wie it mei namme Bouke Jan dy’ tige aktyf wie om ballen te sykjen en pilonnen op te rêden. “In luie en in aktive Plantinga”, sa liet soan Bouke Jan ús witte, ek al omdat senior mei de auto wie en junior op de fyts.
“Dy jonge hat in goeie opfierding hân” parearde heit Jacob snedich.

Fjild oprêde
Achte kolega bestjoers- en kommisje leden, 

De ûnderhâlds ploech fan de fjilden rint der hieltyd tsjin oan dat de goals net opromme binne. At je dit mei syn twaen of tryen dwaan moatte is dit bealch fol wurk en it fret tiid. 

Soenen we der mei syn allen omtinke wolle dat de goals nei else training oan de kant setten wurde, wol graach tille en net slepe, dus ek at it net de lêste training is. Sa foarkomme we dat der altyd op it selde plak traint wurdt, we moatte de skea beperkt hâlde.  

At der in oefening is die oan de sydkant fan it fjild kin dan graach, dit om deselde reden.

Rûnom Easterein
Op snein 11 oktober sil der wer hurdfytst wurde Rûnom Easterein. Klik op de flyer hjirûnder om der alles goed oer lêze te kinnen:

Memorial Sir Bobby Robson
Yn Ingelân binne memorials altiten tige yndrukwekkend. Nim dy fan ôfrûne wike foar Sir Bobby Robson(klik hjir).

Harsens derby (71)
Wy hâlde net fan fals spyljen, mar fûnen dit wol grappich. Lokkich genôch is dizze skiedsrjochter aardich skerp: