Weppers tongersdei 24-9

Weppers woansdei 23-9
23 september 2009
Weppers freed 25-9
24 september 2009

SDS 1 traine
Dick Schuurman lit fanút in draaimûne op De Jouwer witte dat it trainen fan SDS 1 jûn om 19.45 begjint.

D1 oefent
SDS D1 heeft zaterdag a.s. om 12.15 uur een oefenwedstrijd in Leeuwarden tegen Rood-Geel D1.
Aanvang 12.15 uur. Vertrek 11.15 uur, bij het gemeentehuis te Wommels.
Remco

SDS 1 seal lit tsiis fan ‘e bôle ite
It 1e sealteam fan SDS hat juster 7-7 spile tsjin Friesland 2. SDS spile benammen de earste helte net gek en kaam mei 5-1 foar. De 5-2 krekt foar de rêst en de 5-3 krekt nei de rêst die SDS net goed. Sy kamen noch wol mei 6-3 foar, mar yn in poep en in skeet stienen sy mei 7-6 efter. Yn it lêst waard it noch 7-7. De lêste kâns wie noch foar SDS, mar dy rêde de keeper krekt. De doelpunten waarden makke troch Peter(1), Tsjipke (2?), Feite (2?) en Willem (2).

SDS 2 seal wint
It 2e sealteam fan SDS wûn juster mei mar leafst 8-2 fan ZVF 2.

Drok
André Bons hat it mar drok by SDS. Foar 2 wiken werom fluite hy noch 3 wedstriden op in sneon en juster keepte hy sawol by SDS 1 as 2 yn de seal. Sjapoo!

SDS F4
SDS F4 traint kommende moandei om 17.00. Sa kinne Remco Bervoets en ien fan de wepmasters(dy sûnder burd) omstebeurten trainen jaan.

Fyts fuort
Te faak wurde der fytsen meinommen (it wurd stellen wolle wij yn dit ferbân net brûke). Omdat wij sels ek fan dy fytsers binne, pleatse wij dit berjocht fan Pieter Bosma:
“Weet iemand wie mijn fiets heeft meegenomen, of ergens gezien?
Hij is grijs met zwart en van het merk gazelle. Vrij nieuwe staat. Is op 19 september bij de jimbar voor
meegenomen. Mijn nummer: 0613596857”

Drop

Bij E1 stie der juster jûn wer in doaske drop op it spul. 8 jonges mochten strafskoppen nimme op it grutte doel mei “lytse” Niels der yn. Wa’t miste die net mear mei. Mar at der minder as 20 doelpunten makke waarden wie de keeper de winner en oars de ene dy’t net miste. 19 ballen leine der yn en der wie noch ien spiler oer: Inne Heerma. At hij skoarde wie it doaske foar him en oars koe Niels syn tosken swart ite. Inne skoarde en koe nei ôfrin lekker drok ite en útdiele. Mei nammen de froulju fan SDS DA1 wienen hjir aardich wiis mei.

Vrijwilligersavond stichting ‘De Skoalleseize’
Aanstaande vrijdag organiseert stichting ‘De Skoalleseize’ voor al haar vrijwilligers een gezellige vrijwilligersavond.
Het kan zijn dat wij een aantal vrijwilligers vergeten zijn een uitnodiging te sturen.
Wil diegene deze oproep dan als uitnodiging beschouwen? Het begint vrijdag vanaf 17.00 uur.
Met vriendelijke groet,
Bestuur ‘De Skoalleseize’

Knap
Sommige keepers blike ek aardich fuotbalje te kinnen. Nim de soan fan Peter Smeichel, Kasper. Hy keept no by Notts County en gie ôfrûne sneon mei nei foaren. Sommige spitsen hienen by sa’n aksje harren nekke brutsen: