Weppers freed 25-1

Weppers tongersdei 24-1
23 januari 2013
Weppers sneon 26-1
26 januari 2013

C2
Mei ienige teloarstelling yn de tekst twittert Pieter de Boer dat C2 gjin trainen hat. Mei optymisme ferwiist hij nei nije wike: Dan mar wer yn it waar sjen.

F1, E3 en C2
Jun kin der wer net traint wurde op it keunstgers yn Snits. F1, E3 & C2 binne dus frij.
Gr. Hans

Seleksje SDS 1 foar oefenwedstryd tsjin Bolswardia
Spelers voor de oefenwedstrijd tegen Bolswardia a.s. zaterdag op het terrein van Udiros  te Nieuwehorne aanvang 12.00 uur.
Aanwezig: 10.45 uur.
De spelers die meegaan zijn:
Dirk de Jong, Kristiaan Gaastra, Johan Postma, Jaap Toering, Redmar Strikwerda, Harm Stremler, Jelmer Posthumus, Wytze Lanting, Jakob-Klaas Haitsma, Erik Haitsma, Elger Turksma, Feiko Broersma, Ewout de Boer, Skelte Anema, Wytze Fopma.
Met vriendelijke groet,
Jaap de Blaauw

Udiros
SDS 1 spilet sneon in oefenwedstriid op it fjild fan Udiros. Se hawwe yn Nijehoarne krekt in hiel nij sportkompleks iepene mei in keunstgersfjild. Nijsgjirrich om
de side fan Udiros efkes te besjen en dan komme jim ek te witten wat dy letters betsjutte.

Alde doaze
Spilers op de skouders, dat wiene nochris tiden. Earne yn de jierren 90 tinke wij. Sjoch
hjir.

Spandoeken
Wij fernuverje ús faak oer de moaie spandoeken dy’t der yn stadions útrolle wurde. Wij hawwe wurdearring foar it wurk wat men der oan hân hat om it klear te krijen en mear noch, wij genietsje fan de moaie kreatyf betochte teksten. Mar de spandoeken steane ûnder druk. Lês dizze
moaie kollum fan ús favorite kollumnist.

Maklike fraach (2)
Juster in maklike/drege fraach oer PSV. Hjoed in maklike fraach oer in oare klup. Sjoch
hjir.

Afrika-Cup-kwis
SDS’ers dy ’t net foar Eurosport wei te baarnen binne no ’t de Afrika-Cup der hoates en toates foar is kinne fêst ek wol út de fuotten mei
dizze kwis. Foar de leafhawwers sitte der in pear pareltsjes by.

Harsens derby(940)
Jaap de Blaauw hat der de hiele winterstop oer stind, mar neidat hy ûnderút gie troch de glêdens is hy der no út. Dit wurdt de nije fariant by in frije traap: