Weppers freed 24-8

Weppers tongersdei 23-8
22 augustus 2012
Weppers sneon 25-8
24 augustus 2012

D2

Tiisdei hat D2 is it trainingsfjild foar de klaaiboxen officieel foar it nije seizoen yn gebruk naam troch it delsetten fan de grutte goal. Keeper Mark Klijnsma moat nog wol in bytsje wenne oan dat grutte ding.

Voetballers van de D1:
Vanaf dinsdag a.s. (28 augustus) gaan jullie weer los met jullie trainingen.
De training start om 18:00 uur , 5 minuten van te voren aanwezig zijn.

Gr. Wytze en Ayanle

De Skoalleseize 25 jier
Hjoed al wer de twadde dei fan it feest op de Skoalleseize.
De pjutters springe op in kjessen en dogge spultsjes,
de jongerein keatst,
de senioare keatse ek,
der wurdt jeu de bouled,
der is in presintaasje fan aktiviteiten
der is BBQ
en der is libbende muzyk fan Niscz.
Hjoed brûst it de hiele dei wer fan de aktiviteiten op de Skoalleseize.


NIcsz

De Niscz is in tige nijsgjiriige band, spylje earder yn Wommels en Easterein. Sij spylje fan 21.00 oant 24.00 oere.

Fakansje foarbij?
Foar de minsken dy’t thúskomme fan fakânsje riede wij oan om de weppers fan ôfrûne wiken efkes troch te sjen, sadat jim alhiel op de hichte binne fan wat der west hat en wat der kommen giet.

Supercup yn Spanje
Wat wolle je noch mear. De wepmaster mei lang hier, koarte broek mar sûnder mobyl is mei frou en bern yn Spanje en pikte dit efkes mei: Nei Barcelona – Real Madrid, 5 doelpunten sjen, Ronalda dy’t skoart, Messie dy’t skoart en Barelona wint. Sjoch
hjir