Weppers freed 23-4-2021

Weppers tongersdei 22-4-2021
22 april 2021
De SDS-online-pubkwis op moandei 26 april. Doch ek mei fia https://streamlive.nu fanôf 19.45 oere!
24 april 2021

SDS-online-pubkwis

Noch 3 nachtjes sliepe en dan is it safier; dé SDS-online-pubkwis! Jim hoefe jim net op te jaan en it meidwaan is fergees. Jim hoefe moandei allinnich mar fanôf in oer as 19.00 oere klear te sitten mei jim laptop, tillefoan, kompjoeter of I-pad. De link nei de kwis kinne jim dan fine hjir op de SDS-side.

It is stil yn de Greidhoeke

Ferline wike hat Titus Bergsma ús witte litten dat hy mei syn frou Rigt stoppet mei de wurksumheden yn it sportkafé en sporthal De Greidhoeke. Dit muoit ús tige. Titus en Rigt sitte al sûnt it begjin fan de sporthal yn 1977 yn it sportkafé en wy kinne ús dan ek net yntinke hoe ’t it wêze sil sûnder dy twa. SDS hat al dy jierren mei sealteams fuotballe yn de sporthal en dêrneist hawwe der jierren op sneins sealfuotbaltoernoaien west wêr úteinlik it fjildfuotbal fan SDS ek syn fruchten fan plukt hat. De winst fan de Midwintercup fan de sealfuotballers fan SDS is hjir ek mei oan te tankjen.
De tredde helte yn it sportkafé wie in begrip.
Titus en Rigt it giet jim goed!

Tinus Hoekstra mei Titus

Programma sneon 24 april

Der wurdt moarn sawisa balle om 13.00 oere troch de JO17 en de JO19.

SDS-slotdei/-jûn jeugd

SDS is fan doel om op woansdei 19 maaie in slotdei/jûn foar de jeugd te organiseren. Dizze datum stiet noch net hielendal fêst. Hoe ’t de slotdei/-jûn der út sjen giet is noch net wis, mar dat der sawisa om de ferneamde penaltybokaal sjitten wurde sil mei dúdlik wêze.

De nije Treffer

Foar lju dy ’t de nije Treffer net krigen hawwe of online nochris trochblêderje wolle, kinne je him hjir op de webside lêze. Sjoch hjir:
Treffer maart 2021

Minder motiveard?

By SDS sjogge wy dat de jeugd en de senioaren noch mei plezier traine, mar liket it derop dat elkenien wat minder motiveard rekket. Op sneon fuotballet de ûnder de 27 al gjin wedstriden mear ûnderelkoar. De JO17 en JO15 ek al minder faak en der binne sels al fuotballers dy ’t leaver kompetysjekeatsen gean……… Yn de Achterhoek sjogge sy ditselde probleem. Utsein it keatsen wolteferstean….  Sjoch hjir.

Nij lid

Sommige fuotballers sille dan wat minder motiveard wêze, sommige binne júst ekstra motiveard. Sa kinne wy in nij lid begroetsje by de froulju fan SDS Vr.2. Moarntejûn slút Rubia Nood út Sybrandabuorren oan by de training. Wolkom by SDS!

Forza SDS 4!

As wy dé kulttrainer fan dit momint, Pieter de Jongh alias The Champ, leauwe meie dan kin der folgend seizoen mar ien kampioen wurde. En dat is fansels……… SDS 4!!

Memmedei

Foar in fuotballer is in mem tige wichtich. As je jong binne pakt se je fuotbaltas yn, docht se der wat lekkers yn en nei it fuotbaljen wosket se de smoarge fuotbalklean. By in soad SDS’ers sil dat sa wêze en by inkelde is dat oant hege leeftiid noch altiten it gefal. Dêrneist seagen jim fannewike hiel wat foto’s fan frouljusteams foarby kommen. Guon froulju hjirfan binne ynmiddels mem.
Der binne fêst SDS’ers dy ’t fine dat harren mem in aardichheidsje fertsjinnet. Doch dan mei oan de memmedei-aksje fan de op ‘e Skille. Hjirmei kinne je it boek ‘Kampioensouders’ winne fan Harmke van der Werf fan SDS Vr.1. Dat liket ús tige de muoite wurdich!

Harsens derby (2297)

‘Tikkie werom Jaap!’