De SDS-online-pubkwis op moandei 26 april. Doch ek mei fia https://streamlive.nu fanôf 19.45 oere!

Weppers freed 23-4-2021
23 april 2021
Hendrik, Sjoerd en Bote winne de SDS-online-pubkwis!
27 april 2021

Op ‘Keningsnacht’ moandei 26 april organiseard SDS foar it earst in SDS-online-fuotbalkwis.
It soe moai wêze as in soad lju hjir oan meidogge.
Meidwaan is fergees!
Der binne alderaardichste pryskes te winnen.
Je hoefe je net fantefoaren op te jaan.
As je moandei 26 april fanôf 19.30 oere klear sitte mei jim tillefoan, tablet, laptop of fêste kompjoeter en jim geane nei https://streamlive.nu dan binne jim der klear foar.
Dan hawwe je noch efkes tiid om wat hapkes en snapkes klear te setten, sadat wy om 19.45 oere los geane mei de livestream en 20.00 oere fan start kinne mei de kwis.
No al nocht yn!

Mei de SDS-online-pubkwis hawwe wy ek in spesjale gast. It giet om de jim net ûnbekende trainer Gerrie Snel. Hoe is it mei him en wêr hat hy al dy jierren west? Hy sil tuskentroch ek syn ljocht jaan op de fragen en antwurden fan de kwis.
Hawwe jim alfêst fragen foar Gerrie dan kinne jim dy stelle troch te mailen nei studio@streamlive.nu

Foar de jeugdige SDS’ers dy ’t Gerrie Snel noch net kinne. Hy is bekend wurden troch dit filmke: