Weppers freed 23-1

SDS MD1
22 januari 2015
Útslagen 24-1 en sa!
24 januari 2015

SDS 1
It soe samar kinne dat de kompetysje kommende sneon wer útein set foar SDS 1. Der is in regulier programma en SDS begjint de twadde helte fan de kompetysje mei in útwedstriid tsjin sc Joure 1.

Seleksje SDS 1 – SC Joure 1

12.45: der wêze
14.30: fuotbalje
Jaap, Ewout, Tsjipke, Feiko, Wiebe, Teun, Bauke, Hendrik, Erik, Jelmer, Durk, Harm, Grietsen en Skelte.

Seleksje SDS 2
13.15: der wêze
14.30: oefenje tsjin Leeuwarder Zwaluwen

Sjoerd, Gerrit, Ralph, Allert, Pieter K, Bote, Jentsje, Jesse, Jort, Hendrik E, Feite, Kristian, Wytze L, Pieter W. en Broer Jacob.

De kantine is ticht
De kantine is moarn ticht. Sawol SDS 1 as 2 moatte út fuotbalje en kinne nei de tiid terjochte yn de sporthal wêr ’t it SDS-sealtoernoai ferspile wurdt.

Sealkompetysje
Ek sneon binne der wer tal fan wedstriden yn it kader fan KNVB jeugdsealkompetysje. De teams fan SDS binne yn Grou en Ljouwert aktyf.

Sealtoernoai B’s
Der is te min dielname foar it B-sealtoernoai moarn. Dat giet dus net troch.

Harsens derby (1418)
Wat ús oanbelanget hat SC Joure 1 moarn tsjin SDS 1 de ôftraap en giet it foar de rest sa. Dat soe in moai begjin wêze sa nei de winterstop!