Útslagen 24-1 en sa!

Weppers freed 23-1
22 januari 2015
Brûk it MFT!
24 januari 2015

Mochten jim hjoed fuotbald hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en jou de útslach efkes troch oan de wedstrydsekretaris.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!

SDS 1 spilet foar de kompetysje lykas Vr.1 en SDS 2 oefent. De jeugd fuotballet yn de seal.

Mocht SDS 1, 2 of VR.1 ôflast wurde dan ek graach maile nei
dizze adressen.

Jûn is fansels ek it SDS-sealtoernoai. Opjaan kin
hjir yn elts gefal noch wol oan ’t 17.00 oere.

De fuotbalkantine is net iepen om ’t eltsenien nei harren wedstryd ferwachte wurdt yn de sporthal by it SDS-
sealtoernoai.

Tiid Programma Útslach
11:00 SDS E2 – Frisia E9 (zaal)  
13:15 SDS D2 – Akkrum D3 (zaal)  1-1
14:00 SDS E3 – Nicator E3M (zaal)  3-1
11:40 Frisia E8 – SDS E2 (zaal)  
12:25 Frisia D5 – SDS D2 (zaal)  3-1
14:30 Joure SC 1 – SDS 1  g.n.t.
14:30 Dronrijp VR2 – SDS VR1  g.n.t.
14:30 L. Zwaluwen 2 – SDS 2 (oefen)  g.n.t.
15:00 MKV’29 E3 – SDS E3 (zaal)  0-1

SDS (“Several Dry Sausages”)-sealtoernoai
Jûn wurdt der op it SDS-sealtoernoai wer striden om de noflikste drûge woarsten fan Fryslân fan Murk’s Slagerij út Wommels. It begjint om 18.58 oere yn sporthal De Greidhoeke yn Easterein. It soe moai wêze as eltsenien der om 18.32 is.
Louis van Gaal soe wol sizze; “We call this it Several Dry Sausages-halltournament”.

Polar bears – DTD pinguins 

It wie wer spannend freedtejûn. Kin it trochgean? De adrenaline sei ja, it fjild twyfele. Oant we efter de sporthal kamen en dêr in flakke matte oantroffen.

In fjild lyk as dy sân kleuriche in Qatar. De temperatûr wie lykwols net as yn Qatar. De noardpool like der mear op. De hesjes gongen nei de D(e) T(trije) D(oarpen) Pinguins, dy strak kombinearjend fan kiet gongen. It like krekt as hiene sei in oertal, in plak fan de Polar bears dyt mei fiif it tikkie-tak fuotbal fan de oare fjouwer alinne mar mei de eagen folchje koene. Dochs wisten de Polar bears mei slim spul in ridleke foarsprong op te bouwen. De pinguins stuitten te folle op peal en lotte en hiene gjin gelok. Nei in taktyske set, dy de Bears, Folkert, Wouter, Tjerk, Johan en Bertus  noch immer net begrype, war it gelyk. Ferry Pinguin woe it fjild breder ha, opdat de kombinaasjes better ut de ferve kamen, of sa.

Hoe dan ek, oant 5-5 gie it lykop. Ferry, Harry, Klaas en Theo hellen alles ut de kast. Mar de bearen bliuwden restich hun kansen ôfwachtsjen. Skeatten in kear as wat mis, mar skoarden genoch om de terjochte oerwinning yn it earste part te beheljen. It twadde part wie neat mear as in formaliteit: twa foar de bears, werby Bertus de moaiste fan e joun makke.

De sfeer wie as ever super en de lea bekaam pas letter mei bier en chips foar it kiekkaske. 

Tjerk van der Pol(ar bear)