Weppers freed 22-4

Seleksjes sneon 23-4
21 april 2016
Ut- en ferslagen sneon 23-4
21 april 2016

Efkes Balje
Jûn om 19.30 yn Easterein

Programma
It programma fan sneon kinne jim
hjir sjen.

G.n.t.
De wedstryd fan SDS F4 giet net troch. Makkum hat ôfbelle.

SDS 1 – sc Joure 1
Moarn om 14.30 oere spilet SDS 1 tsjin de koprinner yn 3A, sc Joure. Wy hoopje dat jim allegear komme en der as 12e man mei foar te soargjen dat SDS 1 wint!

Kontrakt keunstgersfjild wurdt ûndertekene!
Moarn om 17.00 oere, nei de wedstryd SDS 1 – sc Joure 1, wurdt it kontrakt tekene tusken de Skoalleseize en Antea Bouwgroep oangeande de oanlis fan it nije keunstgersfjild.
Kom allegear efkes del yn de fuotbalkantine om te sjen hoe ’t it nije fjild der út komt te sjen!



Pechfûgel
De grutste pechfûgel fan it seizoen liket Inne Heerma te wurden. Earder dit seizoen bruts hy al syn noas en no hat hy juster ek noch syn inkelbannen skuord……. Betterskip tawinske!

Drop
In boppeste beste ferkeap fan drop sa koene jim juster lêze. Je soene hast sizze dat elkenien yn Easterein en omkriten mei swarte tosken omrint. Dat is dus net sa. Wij krigen dit berjocht fan de famylje Meijer:
Leuke opbrengt met de dropactie maar die had hoger kunnen zijn want net als al de voorgaande jaren is er weer niemand op Wijnserdijk 7 tot 27 geweest jammer maar helaas….

Fuotbalsjurtdei
It is hjoed yn Ingelân fuotbalsjurtdei. Dat betsjut dat it op priis steld wurdt dat je mei it sjurt fan in favorite klup nei it wurk, nei skoalle en nei de kroech gean.
Wij rekkenje ek op in oantal leuke foto’s fan SDSérs dy’t harren hjoed gedrage as wiene se yn Ingelân.