Weppers freed 22-2

Weppers tongersdei 21-2
20 februari 2008
Seleksjes 23-2-2008
22 februari 2008

Spoek

Dit is it degradaasjespoek. Dy is op syk nei Stoffel Bouma. It spoek wol him sneon yn de kladden pakke bij it Frysk kampioenskip Frysk damjen. Wij binne benijd at Stoffel ûntsnappe kin. Wij winskje him (dat is Stoffel) sukses.

Krek mist
Harm Auke is de grutste fen fan PSV. Tongersdeitejûn siet hij dan ek foar it grutte skerm yn de kantine de wedstryd te folgen. Neist syn leafde foar PSV hat hij ek in grutte leafde foar syn tillefoan. Altyd en oeral stiet hij te sms-en en te beljen. Krekt doe’t de twadde helte begjinne soe, rint Hampie der út mei syn tillefoan en doe’t hij nei twa minuten werom kaam…..hie PSV skoard.

Seleksjes
Letter hjoed kinne jim hjir de seleksjes foar moarn fine.

Nije leider
SDS is der yn slagge om foar folgend seizoen in leider te finen foar SDS 2. Tinus Hoekstra hat al ferskeidene funksjes hân binnen SDS en pakt no dit op.


Wolkom
Publyk út Easterein is moarn tige wolkom by de wedstryd tusken Broekster Boys 1 en SDS 1. Yn Broeksterwâlde sil nei de wedstryd in stikje musyk wêze yn de kantine. Geert sil optrede. Nee, net Geert Hiemstra, mar de skoanheit fan Klaas Dijkstra, Geert ten Boom.

Broekster Boys 1 – SDS 1
Voetbalnoord hat wer in kreas oersicht makke fan de twa klups dy’t sneon tsjin elkoar fuotbalje moatte yn de wâlden. Sjoch
hjir.
Mocht SDS winne dan pakke sy de 2e periode.

Oare musyk
At jim mear fan oare muzyk hâlde, dan kinne jim snein ek yn Jimbar sjen. Dêr treedt om 19.00 oere
The Blues Revelation op. En wat fan musyk dat is hoege wij net út te lizzen.

Snorren en burden
Dizze kwis is spesjaal foar ien fan de wepmasters en de trainer fan Broekster Boys(klik
hjir).

Skiedsrjochter(5)
Jan-Rinse Blanksma tipte ús oer in skiedsrjochterlike dwaling. Dizze heard seker yn it rijtsje fan dizze wike thús: klik
hjir(it laden kin wol efkes duorje).
It Rotterdamse kommintaar is legendarysk.
As de link net wurket klik dan hjir en sjoch ûnderyn.