Sneon 22-8-2020

Weppers freed 21-8-2020
21 augustus 2020
Oerlêst op it sportkompleks
24 augustus 2020

SDS 1 tsjin Nijland 1

Om 14.30 hat SDS 1 oefene tsjin Nijland 1. Der waard trije kear 30 minuten fuotballe em SDS wûn mei 3-0. Doelpunten Matthijs Postma (kopbal), Hendrik de Jong  (kopbal) en

Pieter Sytsma dy’t út in frije traap skoart

SDS 2 tsjin Nijland 2

Om 12.00 oere oefen SDS 2 tsjin NIjland 2. It waard 4-1 foar SDS

SDS VR1 nei Jiskenhuzen

Om 14.30 trape SDS VR1 ôf tsjin VVI Vr1. Ek dat wie in oefenwedstriid. De einstân wie 1-3 mei doelpuynten fan Femke Terpstra (2) en Hester Kingma

Efkes Balje

Foaral dit jier sjogge wij de bylden op tv fan demonstraasjes wêr’t gjin respekt is foar de gesachsdragers. Boeren op trekkers en boargers dy’t it allegear better witte. Sij krije harren sin net dus geane sij harren fersette en relskoppe.
Dy bylden dogge sear oan myn eagen. Gelokkich hawwe wij dat hjir wat minder.
Hoewol,,,,,
it respekt foar âlderen wie justerjûn fier te sykjen op it skopfjild. Sa’n 8 jier binne wij simmers dwaande op it fjild yn Wommels mei it Efkes Baljen. Freedtejûn fan 19.30 oant goed healwei njoggenen. In klup fan sa’n 15 leafhawwers yn de leeftyd fan 22 oant 66. Earst mei piontsjes as doel, mar letter koene wij gebrûk meitsje fan de troch SDS beskikber stelde doelen. Nea levert dat problemen op, ek at er al wat jeugd oan te baljen is bij in doel. It kaam sels foar dat er wol ris in jongere mei dwaan koe at it ûneven wie. “Spitich, seine se dan, “mar dan gean wij wol efkes dêr, der is plak genôch”.
Sa waard dat oplost.
Freed net.
De 5 jonges dy’t er no wiene fersetten har mei in dwersens dy’t bij relsokkers passe dy’t wij hjir leaver net sjogge. Sûnder respekt.
Hast in healoere lang klierden se op en om it fjild. At je dan in fuotbalskoech op je hân krije, omdat je it Efkes Baljen ferpeste wolle, troch yn it fjild lizzen te gean, dan moat je net pipe. Oer wat er ferbaal allegear sein is, litte wij de sensuur mar tapasse.
It echte baljen wie dus juster mar bijsaak wurden.
Tryst, djiptryst.
Earste priis winners: Wouter, Harry, Johan, Pieter en Bonne
Twadde priis ferliezers: Ferrie, Menno, Kerst en Aant