Weppers freed 21-2

Seleksjes sneon 22-2
20 februari 2014
Út- en ferslagen sneon 22-2
22 februari 2014

Programma

Tijd Wedstrijden Scheidsrechter
11:15 SDS F1 – Nieuweschoot F1 E.J. Bruinsma
10:30 SDS C1 – SDS C2 A.C.Vink
12:30 SDS 3 – Woudsend 2 J.B. Bouma
14:30 SDS 2 – Makkum 2 J. Bosch
12:30 IJVC 2 – SDS 4
14:45 Bolsward 1 – SDS 1 R. Jansen

F1 giet foar de beker
Kommende sneon ferwachtsje wij jim allegear om 11.15 op de Skoalleseize. F1 is de ienige SDS ploech dy’t noch yn de beker sit en sij wolle graach mei help fan jim in ronde fierder.
SDS moat it opnimme tsjin Nieuweschoot F1.

Wedstriden sneon
Wat soe it moai wêze at der moarn wer wat fuotbalferdivedaasje is op de Skoalleseize. Mei thúswedstriden fan F1, SDS 2 en SDS 3.
Foar de fans fan SDS 1: yn Boalsert begjint it om 14.45.

Seleksjes
De seleksjes foar moarn kinne jim hjir fine.”

Keunstgêrs
Ek yn de Boalserter Krante stie in útgebreid stik oer it “keunstgerspetear” yn it gemeentehûs ôfrûne moandei. Jim kinne it hjir lêze.

Lokwinske

Géanna is de namme fan de dochter fan Rudy Dijkstra en Baukje Wytske Bakker en sij is tiisdei berne. In tige grutske omke Ralph mailde ús de foto fan Géanna en in foto fan de
lokkige âlders mei de lytse.
Fan herte lokwinske!!

Nije wike
Met ingang van volgende week donderdag (27/2) weer training SDS-4 en SDS-5 om 20.15 uur.
Ids


Follybal
Ek moarn kin der nei it fuotbaljen wer efkes yn de sporthal sjoen wurde by de follybalfroulju fan COVOS 1. Sy bekerje moarn yn de kwartfinale thús om 17.00 tsjin VVSA 1 út Vollenhove. “Hos, hos, go COVOS!

Harsens derby(1217)
Moarn mar wer gewoan mei ien skiedsrjochter en twa grinsrjochters……..