Út- en ferslagen sneon 22-2

Weppers freed 21-2
21 februari 2014
Weppers moandei 24-2
24 februari 2014

Wy hawwe gjin berjocht krigen dat der hjoed wat ôflast wurdt en geane der dus fanút dat alles hjoed trochgiet.

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei
dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine:
0515-331700.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek.

Tijd Wedstrijden  Útslach
11:15 SDS F1-Nieuweschoot F1  3-2
10:30 SDS C1 – SDS C2 10-0
12:30 SDS 3 – Woudsend 2  5-2
14:30 SDS 2 – Makkum 2  4-0
12:30 IJVC 2 – SDS 4  10-0
14:45 Bolsward 1 – SDS 1  4-0


SC Bolsward 1 – SDS 1
Wat wy heard hawwe wie it net in al te beste wedstryd. Foar de rest witte wy allinnich dat SC Bolsward mei 4-0 wûn hat.

SDS 2 – Makkum 2
SDS en Makkum spilen juster foar it earst yn 2014 in wedstryd op gêrs en dat wie it earste heal oere al te merken. De bal stuite alle kanten op en it spul wie net om oan te sjen. Nei in heal oer waard it spul better en krigen beide ploegen kansen op de 1-0.
Nei de rêst wie SDS 2 al gau de bettere ploech en makke al gau de 1-0 en 2-0. De einútslach fan 4-0 wie dan ek hielendal terjochte. De doelpunten waarden makke troch Ayanle(2x), Dirk en Gerrit.

SDS 3 – Woudsend  2
Oan de útslach te sjen in regelmjittige útslach! Doelpunten fan Hendrik E, Pieter K, Robert S, Broer Jacob G, en in e.d

Heeg MC 1 – SDS MC1 en 2
In moaie oerwinning meldt ús korrespondente. It waard mar leafst 2-6.

SDS F1 – Nieuweschoot F1 3-2

 In nije beker thriller op it programma foar de hearen fan F1, kerverse kampioen fan de sealkompetysje! De sifers liiche der net om, Nieuweschoot 2e klasser, is dit seizoen noch net ferslein. 80 goals foar en 7 tsjin yn 9 wedstriiden. Op papier in hiele kluif. Yn praktyk ek blykte juster op it fjild. De moarn earst belle Arjen al op, net 100%. Is it miskyn ferstannich om noch in ferfanger te regeljen?! Dit wie al efkes in tebeksetter mar Ate Schaap wie gelokkich thús en koe meidwaan. Derneist hiene we noch help út F3 fan Milan, dus 10 man op papier, 9,5 op it fjild.

 

It wie min waar it reinde en waaide gigantisch mei de warming-up en Nieuweschoot wiene der noch net iens. Dus de mannen krekt foar de wedstriid mar wer efkes de box yn. Hjir lei miskyn wol de sleutel fan de wedstrid want de skeidrjocher liet de wedstriid stipt 11.15 starte en dermei stie Nieuweschoot kâld yn it fjild en SDS wie al went oan it waar. Binnen 1 minuut lei de bal dan ek al foar SDS yn it net, 1-0 troch Ate! Super start, sa maklik soe it toch net gean? No dat giet it ek net. We spylen 8 tsjin 8 en beide teams hiene 2 wiksels, wij eins 1,5. Arjen wie der wol mar minder oan wezich as oars. Gelokkich koene we moai troch wisselje mei 2 spilers. Nieuweschoot pakte nei de 1-0 it initiatief fan de wedstriid en kombinearde wat makliker as SDS. Dit levere in pear benarde situaties op foar de goal fan ús bekerwedstriidkeeper Jesmer, mar hij wie der de hiele tiid skerp en op’e tiid bij. Uteinlik koene we, nei goed kombineren fan Nieuweschoot, de bal net goed fuort krije en in best ôfstandskot, heech yn’e goal, levere de 1-1 op. SDS efkes fan slach mar bleau goed oerein nei de rêst ta.

 

Yn’e rêst de mannen noch efkes goed moed ynpraten en wer wat droeche shirts oan hjir en der, en der wer folop foar. Yn’e 2e helte hiene wij foar de wyn dus wat in extra stimulans. Dochs wie Nieuweschoot yn it begjin fan de 2e helte wat skerper en spyle makliker. Ut in korner makken sij dan ek wonderbaarlik in goal, de bal draaide der eins yn ûndanks dat sij wyn tsjin hiene. De kopkes fan SDS giene al wat omleech en der wie wat praat ûnderling, mar it masale publiek joech dochs wer moed. SDS kaam der oer de rjochter kant, troch goed counter fuotbal snel út fia Niels, Gjelt en Arjen. Dit levere 2 grutte kansen op die beide troch de keeper fan Nieuweschoot út de goal hâlden wurden. De tredde útbraak wie it dan dochs raak foar SDS troch Arjen, dy’t op it toskfleis balle, 2-2! SDS hie wer kans mei noch sa’n 7 minuten te fuotbaljen. Nei de lykmakker krige SDS ek wer wat de oerhân yn de wedstriid, wer foaral SDS fysiek wat sterker wie as Nieuweschoot. De lêste oanfallen fan SDS giene foaral oer links fia Redmer W. Nieuweschoot spyle alles of neat mei in soad spilers foar de bal wertroch SDS in hiel soad romte krige om der snel út te kommen. Redmer W passearde prachtich 2 man en dernei makke hij it super ôf 3-2!  Dit wie dan ek de einstân. Komplimenten foar de mannen want ek Milan, Jorrit, Redmer S en Sjirk spylen in top wedstriid. Echt teamwork fan F1, dat no bij de lêste 16 sit fan it beker toernooi.

Op de site fan Henk Bootsma steane ek noch in pear moaie foto’s.

Groetnis, 

FR
Henk Bootsma wer prachtige foto’s makke. Dizze kinne jim hjir fine.