Evenementen in december 2022

Programma en seleksjes 21-11
20 november 2009
Utslaggen 21-11
21 november 2009

SDS A1
SDS A1 moat moarn foar 50 minuten nei Be Quick Dokkum. Sy sille om 10.30 fuort en spylje om 12.15. Mei in bytsje gelok kinne sy dêrnei noch nei Sinterklaas (as it trochgiet fansels (sjoch ien fan de oare weppers)

Troue
It is neffens ús hjoed in bijsûndere dei foar SDS. Twa leden dy’t yn de lange hier geane. Nynke de Boer (Da1) en Ronny Wagenaar (SDS 3) smite de lapen gear foar sa fier se dat noch net dien hiene.

Ledengearkomst
Kommende woansdei is der om 20.00 wer de jierlijkse gearkomst fan SDS-leden. Sjoch hjir foar de útnoeging en aginda.

Sealtraine
Nije wike sille 2 jeugdteams foar it earst dit seizoen yn de seal traine. SDS F4 mei it spits ôfbite. Sy traine moandei fan 17.00-18.00 yn de sporthal yn Easterein. Tongersdei is F2 oan de neurt. Sjoch hjir foar de hiele list.

Jaap
Jaap Toering rûn tiisdei in blessure op yn de beker wedstryd tsjin Flevo Boys. Mei in pear spierskuorkes yn de boppefoet sil Jaap der seker in oantal wiken net wêze.

Foto’s fan SDS 1
Wij krigen fan Tsjalling Sikma noch in aardige tip mei wat kommentaar.

Via mijn maatje Arno kwam ik op de volgende site: 
voor veel foto’s van SDS-Blauw wit’34 EN:
 
– Mark die ”sterfde zwaan” speelt
– De ”postbode” loopjes van Erik
– De banaanvoorzetten van Feiko
– De ”hier-kan-ik-een-zak-vol-van-hebben- reddingen van Jaap
– De ”ik-eet-het-gras-op-slindings” van Feite
– De ”zal- ik- een- stifje- doen- akties van Tichelman
– De ik-schop-je-doormidden- tackels van Jacob
– De -yes-ik-mag-op-de foto-moves van Arjen
– De ik-was-even-topscoorder-van-sds1- solo’s van Skelte
– De dinsdag-sta-ik-toch-op-goal- gedachte van Hendrik
– De huh-ik-kan-scoren-reactie van Sjaarda
– De geef-mij-de-bal-coaching- van Anne
En de ik dol-je-de-hele-wedstrijd-acties van Tsjalling 
verwijs ik naar
deze site

SDS 3 spilers
Freedtejûn om 20.30 oere melde yn de sporthal. Ronnie hat frij, hat him kreas ôfmelden (sil wol yn it bûtenlân sitte of sa). Bij in goede opkomst sneon miskien wol frij.

Sinterklaas
Moarn soe Sinterklaas yn Wommels komme. Wy moatte it noch sjen. Inkelde wiken werom krigen wy dizze brief:

Spanje, 30 oktober 2009


Beste vrienden uit Wommels,
Ik, Sinterklaas, deel u mede, dat wij dit jaar niet naar Wommels komen.

Het geld is op …………………….


D
E SINTERKLAAS BANK

Vriendelijke groeten van Sinterklaas.


Dug-in?
Anne Brouwer koe ôfrûne tiisdei net flagje by SDS 1 om ’t hy lêst fan it kût hie. Dit is al hast oer mar troch in  lyts ûngemakje ôfrûne tiisdei is it noch net wis as hy nije wike wol flachje kin. Anne wie namelijk ûndanks syn kûtblessure tiisdei fansels wol mei nei Emmeloord om SDS 1 in hert ûnder de rym te stekken. Hy stie dêr foar de dugout op Brouwerlike wize SDS 1 oan te moedigen. Hjir kaam efkes in ein oan doe’t hij in stap efterút die en efteroer yn de dugout dondere…….. Dooitze Nauta hat it sûnt tiisdei dan ek net mear oer in dug-out, mar in “dug-in”……

Harsens derby (85)
Dy Franck Ribéry fan Bayern München hâldt wol fan in grapke:

 



Letter miskien mear!