Weppers freed 2-11

SDS League: Ids pakt wykpriis!
1 november 2012
Seleksjes 3-11
1 november 2012

Programma sneon
Foar sneon sjocht it programma der
sa út.
C2 is ûnderwilens ôflast.

Seleksjes sneon
De spilers dy’t sneon wer yn spanning sitte soe it wol/net trochgean kinne jim
hjir sjen yn it seleksjeoersicht.

Efkes Balje
It soe moai wêze at der jûn wer mei in foltallige ploech Efkes Balle wurdt. Fansels at de knibbels, de ankels, it liif en it fjild it talitte.

Alde doaze
Wij witte net krekt fan hokker jier
dizze foto is (wij tinke 1991) mar dat se kampioen wiene is wol dúdlik. Bij de iene is it hier no wat koarter, it liif no wat grauer, it burd no wat grizer en de krullen no ferdwûn. Mar fierders binne se noch goed herkenber. 

Goed idee!?
Foar sommige teams is dit miskien net in min idee (klik
hjir).

Foto’s
De ôfrûne wiken binne der al hiel wat foto’s fan spilers en teams fan SDS makke troch Bauke de Boer, Douwe-Durk Reitsma en Enne Bruinsma. Dizze foto’s binne yn earste ynstansje bedoelt foar in soartemei fotoboek(“smoelenboek”). Der komme foarearst dus gjin SDS-flippo’s en gjin SDS-fuotbalplaatsjes by de boadskippen. Mei de tiid sille de foto’s ek wol op de webside te sjen wêze. Foar fragen oer de foto’s moatte jim by Enne Bruinsma wêze.

DWP út Snits?
Bote Strikwerda sil moarn mei SDS 3 nei DWP. Wy binne der wis fan dat hy net hoecht te riden. Wy fûnen noch wat weppers fan 5 jier werom. Sjoch hjir mar ris.

Harsens derby(879)
Dizze spilers fan Arsenal wienen der fan ‘e wike aardich mei de kop by yn de bekerwedstryd tsjin Reading. Earst mei 4-0 efter komme en yn de lêste sekonden dan dochs noch de lykmakker meitsje en dan ferjitte dat je noch in ferlenging spylje moatte………..



Letter miskien wol mear!