Weppers freed 18-9

SDS League: Berrie Boys pakke wykpriis!
17 september 2009
Seleksjes sneon 19-9
18 september 2009

KNVB – ôftraap
It seizoen is al in oantal wiken oan de gong en de KNVB wol op 25 novimber ôftraapje. Sjoch
hjir

SDS 5 giet net troch(1)
Sa’t wij justerjûn yn de kantine de miening fan de lieders fan SDS 5 hearden dan is it lêste wurd noch net sein oer de gong fan saken fan it net troch gean fan SDS 5 – Foarút 3. Wij ha sels begrepen dat de lieders harren posysje yn berie ha.

SDS 5 giet net troch(2)
SDS 5 fuotballet dus moarn net. In soad minsken binne benijd wêrom ’t de wedstryd net trochgiet. It komt derop del dat de wedstryd om 10.30 fuotballe wurde soe en Foarút op dat tiidstip net genôch fuotballers byinoar krije koe en SDS op dat tiidstip net fuotbalje woe.

SDS 5 nije wike
No al fêst de meidieling oan de spilers fan SDS 5. Nije wike om 12.45 fuort en 14.00 oere balje yn Trynwâlden.

Be Quick Dokkum 1 – SDS 1
SDS 1 spile ôfrûne tiisdei yn Dokkum tsjin Be Quick en wûn dêr mei 1-0. Om ’t Siem Sikma op Skylge siet is Douwe Durk yn de pinne klommen en hat in kreas ferslach skreaun. It ferhaal fan de klok klonk ús net ûnbekend yn de earen(klik
hjir). 

TikkieTerugTruus
Moai dat wij ynformeard wurde oer de eigen doelpuntenmakkers. Baukje Wytske Bakker, SDS DA1, skoarde yn eigen goal op 5 septimber tsjin Sleat DA1. Net dat sij ús no sels ynformeard  hat mar in reewillige ploechgenoate meelde ús dat sij graach seach dat BW opnommen waard yn it TikkieTerugTruus klassemint.

Clarence Sluierklassemint
Ek troch de wike ha wij der al wer in kandidaat bij krigen yn ús klassemint fan miste strafskoppen. Johan Dotinga (seal 2) wurdt ynkoarten sluiere.

Frysk
Wij sjogge it Frysk fan trainer Dick Schuurman mei rêde stappen foarút gean. Wij tinke dat dit foaral komt dat hij alle dagen konfrontearre wurdt mei it Frysk op ús side. Wij hawwe de Rie fan de Fryske beweging
hjir oer ynformeard.

In goed doel

Leave minsken,
Snein 20 septimber oankommende sille Teade en ik as oer-Wommelsers en actief leden fan it WK-bestjoer, tegeare mei Henk van Dalfsen en Hein Damstra as oer-Folsgeasters, in bûtengewoane prestaasje leverje at alles goed gjit. We drave 10 Engelse mijlen tidens de van Dam tot Dam loop yn Amsterdam. Dit dogge we fansels net samar, want drave is no net bepaald us hobby. Dat dogge we foar SCORE, in project wer at ik yn Sud Africa in skofke foar wurke ha. Een prachtige organisaasje, dy’t in heel soad dogge foar earme bern yn krottewiken. Misskien wol jim yn it kader fan sponsoring foar us loop een bedrach stoarte. Dat komt goed te plak. Tige tank yn alle gefallen!
ABN AMRO rekening 41 14 24 408 t.n.v. Stichting SCORE in Utrecht. Graag o.v.v. Dam tot Damloop 2009.
Ate-Feike de Boer

Spitich
By dizze wedstryd wie it miskien net sa gek west mei 2 ekstra assistint-skiedsrjochters te fuotbaljen.