SDS League: Berrie Boys pakke wykpriis!

Weppers tongersdei 17-9
16 september 2009
Weppers freed 18-9
18 september 2009

Nei in hiele dei switten is hjir dan eindelijk de earste stân fan de SDS League.

Mar leafst 85 teams dogge mei oan de SDS League. Foarich jier yn septimber wienen dat der noch 80. Miskien wurde it noch 86 as wy Hjalmar Ruiter syn team noch boppe wetter krije.

De “Berrieboys” fan Remco en Frank Bervoets en Pieter Sytsma pakke as earste de wykpriis. Sy pakke mar leafst 62 punten. Dat binne der mar leafst 10 mear as de nûmer 2, “Let’s rock, with Al Bundy!!!” fan Sjoerd van Beem. Toppers yn de seleksje fan de “Berrieboys” wiene Manolev(13), Suarez(11) en Tomasson(10).

It liket derop dat Suarez(AJA) de spiler is dy ’t it meast opsteld is. Der binne mar 14 teams dy ’t him der net yn hawwe. Yn de top 10 dy ’t him der net yn hawwe. “Let’s rock, with Al Bundy!!!” fan Sjoerd van Beem en Durk Okkema hawwe foar ferdigeners fan Ajax keazen(Vertonghen en Van der Wiel).

Je kinne se der altiten gau út by it ynfieren fan de teams yn de SDS League. In âld-Nijlander probearet fansels 5 ferdedigers op te stellen en in altiten positive Ljouwerter probeare it earst mei 9 spilers….

Sjoch hjir foar de stân: wike 1.